GEMEENTE BOARNSTERHIM 4. Utstel om in kredyt beskikber te stellen foar it oanlûken fan tydlik personiel op'e ôfdieling F.R.O.M.yn ferbân mei in lange tiid fan siikwêzen. Oan'e gemeenteried. Grou, 8 july 1988. As gefolch fan in lange tiid fan siikwêzen fan ien fan'e meiwurkers rekket men op'e ôfdieling F.R.O.M. safier yn it efter mei it reguliere wurk, dat der hieltyd mear klachten út'e befolking komme. Der is wol besocht de slimste tûkelteammen troch it ferskowen fan taken wei te nimmen, mar sûnder help fan oaren réde hja dat net op. Wy ferwize jimme wat dat oanbelanget nei it rapport dat by de stikken op besjen leit. Wy dogge jimme dan ek it utstel in kredyt beskikber te stellen foar in personielsútwreiding foar trije moanne op'e ôfdieling F.R.O.M. De kosten sille sa'n 18.000,wêze. De dekking fan dat bedrach kin fûn wurde út de útkearing foar ienkear fan "Hûs en Hiem" ad 14.100,en 4.000,út'e mearopbringst fan'e leezjes dy't oer 1988 yn alle reedlikens ferwachte wurdt. It konsept-riedsbeslút leit by de stikken op besjen. Boargemaster en wethâlders fan Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld. B.G. Holtrop. 0036V 40

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 27