GEMEENTE BOARNSTERHIM 12. Utstel om in kredyt beskikber te stellen foar de ferfanging fan de sf-ynstallaasje tsjettel/boiler fan it gymlokaal yn Warten. Oan de gemeenteried. Grou, 8 july 1988. As gefolch fan slitaazje by normaal gebrûk is de s.f.-tsjettel fan it gymnastieklokaal yn Warten te'n ein en moat nedich ferfongen wurde. De tsjettel is net mear te meitsjen en it gasbedriuw hat dan ek oanret om de besteande ynstallaasje sa gau mooglik te ferfangen troch in H.R.-tsjettel (heech rindemint). De âlde ynstallaasje noch lager brûke is net ferantwurde. De boiler wurket net mear en de brâners binne sa min dat der koalmonoksyde frij komt. Fierders hat de tsjettel dy't fan 1969 is, mei 68 persint in relatyf leech rindemint. In selde type tsjettel hat op dit stuit in rindemint fan sa'n 75 persint. Omt it rindemint relatyf leech is, is it gasferbrûk yn ferhâlding ta oare gebouwen ek nochal wat heger. Op jierbasis skeelt dat al gau sa'n 5000 kúb. It komt der om koart te kriemen op del dat de tsjettel sawol technysk as ekonomysk oan ferfanging ta is. Der is dan ek in offerte oanfrege en dêr docht út bliken dat in H.R.-tsjettel/boiler foar de gemeente it foardielichst is. De jier- likse lesten ynklusyf gasferbrûk wurde rûsd op 10.411,Hoewol de ynfestearing fan in gewoane tsjettel mei ferbettere rindemint leger is, binne de jierlikse lesten heger as by in H.R.-tsjettel. Mei de ynfestearing fan in H.R.-tsjettel is in bedrach muoid fan 35.710,ynklusyf b.t.w. Foar dat bedrach hawwe wy dekking fûn troch op basis fan it gymlokaalgebrûk troch it iepenbier- en bysûnder ûnderwiis in bedrach fan 28.568,te hel jen út de post "reservering technisch onderhoud ten behoeve van het openbaar onderwijs" en in bedrach fan 7.142,— út de post "reservering technisch onderhoud ten behoeve van het bijzonder basisonderwijs". Wy stelle jim ried dêrom út om in kredyt beskikber te stellen fan 35.710,ynklusief b.t.w. foar ferfanging fan de s.f.-ynstallaasje fan it gymlokaal yn Warten. Neiere berekkeningen lizze foar jim by de stikken op besjen. Boargemaster en wethâlders fan Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld. B.G. Holtrop. 0036V 36

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 53