-2- Benammen dat der gjin goede kommunikaasje, sawol horizontaal as fertikaal wie. Ut de jierrekken docht ek bliken dat der nea in deeglike basis west hat foar it belied. Hy is fan betinken dat der tefolle nei de takomst ferwezen wurdt sûnder dat dúdlik oanjûn wurdt hoe't it komt. Ut'e rekken docht bliken dat in tsjinfaller fan 520.000,net ferwurke is op'e balans. Hy fynt dat soks direkt ôfboekt wurde moat lykas de ferlizen dy't yn'e takomst te ferwachtsjen binne. Risiko folie kompleksen moatte ek fuortendaliks op'e balans oanjûn wurde. Hy komt dat ek ta de konklúzje dat dizze rekken gjin trou bild jout fan'e wurklikheid fan it grûnbedriuw en hy sil dêrom tsjin de foarriedige fêststelling stimme. Wethouder Poppen zegt, om met dat laaste te beginnen dat de accountantsverklaring wel spreekt van een getrouw beeld van de grootte en de samenstelling van het vermogen. Uit de antwoorden die gegeven zijn naar aanleiding van de accountantsverklaring kan worden opgemaakt dat een groot aantal maatregelen genomen zijn om de administratieve organisatie te verbeteren. Tot maart was het volstrekt onduidelijk of het bedrag van 520.000,wel op de balans moest worden opgenomen. Ook de juiste grootte van het bedrag was niet bekend. Nu er duidelijkheid over de b.t.w.-claims bestaat zullen die ook verwerkt worden in de prognoses en in de balans. Het is het streven van het college bestemmingsplannen alleen in exploitatie te nemen als deze kostendekkend zijn. Wethâlder Breeuwsma fynt dat de hear Bouma in hiel dúdlike útspraak docht as hy seit dat de V.V.D. allinne bestimmingsplan- nen dy't kostendekkend binne stypje sil. Hy is fan betinken dat de V.V.D. wol goed witte moat wat foar konsekwinsjes sa'n útspraak hat. De hear S. Bouma seit dat it yn syn fraksje giet om de goede kar dy't makke wurde moat sjoen yn it ljocht fan'e finansjele gefolgen. Hy tinkt dat in sekuere ôfwaging wat te dwaan yn in bestimmingsplan in better risseltaat foar it grûnbedriuw opsmite kin. De hear Van der Baan konstatearret dat op dit stuit bestimmings- plannen noch net kostendekkend binne. Hy tinkt derby oan'e earste fase fan it plan Meinga. De tekoarten dêrop wurde trochskood nei de twadde fase dert wol hast seker fan sein wurde kin dat dêr, sjoen de fiverpartijen en de sportfjilden dy't dêr komme, ek in tekoart ûnstean sil. Hy is it iens mei de V.V.D. We kinne yn it grûnbedriuw net mear ferlies ferneare. Hy bliuwt fan betinken dat it bedrach fan 520.000,op'e rekken fan 1986 stean moat. Wethâlder Breeuwsma seit dat bestimmingsplannen wol kosten dekkend te meitsjen binne mar dat dat wol ynhâlde kin dat der bygelyks net mear yn'e sosjale sfear boud wurde kin. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. De heer Van der Baan wil geacht worden te hebben tegengestemd. 0037V 2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 6