-3- 2Voorstel tot voorlopige vaststelling van de qemeenterekeninq 1986. Frou Faber seit dat de werklike sifers oer 1986 dy't no foar ús lizze in tryst bild sjen litte. Dizze sifers binne mei de oanlieding west ta de foarjiersnota. Sy wol dan ek de ynhâldlike diskusje hjiroer fiere by punt 3. Yn de ienmalige dekking kin har fraksje him fine. It jout har wol in bang gefoel oer wat der foar 1987 útrûgelje sil. Hooplik binne de sifers oer 1987 gau bekind. De hear Van den Bosch fynt de gemeenterekken oer 1986 yn ien wurd beroerd. Troch de beskikking oer de reserves koe it rekkeningsaldo noch geunstich beynfloede wurde. De suggestjes dy't de V.V.D. yn eardere gearkomsten dien hat en dêr't it kolleezje neat fan witte woe wurde no wol brûkt. Hy kin net neilitte dat efkes op te merken. De hear Van der Baan seit dat út'e stikken bliken docht dat de saak net yn'e oarder is. Der is net goed begrutte en de rie is dus op ferkearde ynformaasje ôfgien. Fanwegen de proseduere dy't hjir folge is en dan benammen oangeande de taskowing fan de reserves dat nea troch de rie goedkard is, sil hy ek tsjin dizze foarriedige fêststelling stimme. De hear Volberda tinkt dat no de automatisearring al safier trochfierd is de rie net wer yn sa'n let stadium konfrontearre wurde sil mei sokke sifers. It is no te let om wiidweidich op'e saak yn te gean. De skulden sille betelle wurde moatte. As hy op'e administraasje siet, soe hy him wol aardich yn'e wjuk sketten fiele. Alles wat automatysk bart kin ommers like goed troch in minske dien wurde en dat hat net sa west. Wethouder Poppen zegt dat de rekening 1986 gelukkig al in 1988 gepresenteerd kan worden. Eerder verliep daar wel zo'n 4 a 5 jaar over, maar er bleef ook altijd geld over. Bij eindwijziging konden alle overschrijdingen worden gelijkgetrokken. Vanaf nu zullen we rekening moeten houden met steeds maar weer tegenvallers De structurele doorwerkingen van de rekening 1986 zullen wel tot gevolg hebben dat ook de rekening 1987 een tekort zal laten zien. Om de dekking over 1986 rond te krijgen kan er óf geld geleend worden, maar dat kost veel te veel extra geld, óf de reserves kunnen aangesproken worden. Vanavond wordt de raad gevraagd aan dat laatste zijn goedkeuring te geven. De automatisering heeft tot gevolg gehad dat nu a la minuut beschikt kan worden over alle begrotingscijfers en alle uitgaven. De hear Van der Baan fynt it antwurd tige ûnbevredigjend. Ut'e besluten fan b. en w. hat him bliken dien dat al op 22 desimber 1987 it beslút nommen is de reserves oan te sprekken. Hy hie hjiroer earder ynformaasje hawwe wollen en der ek earder oer stimme wold. Wethouder Poppen zegt dat als de heer Van der Baan niet wil dat er over de reserves beschikt wordt hij met een ander voorstel moet komen. 0037V 3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 7