-4- Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. De heer Van der Baan wil geacht worden te hebben tegengestemd. 3Behandeling voorjaarsnota. De voorzitter stelt voor eerst algemene beschouwingen te houden en dan de voorjaarsnota paragraafsgewijs aan de orde te stellen. Frou Faber seit dat by de behanneling fan'e begrutting al dúdlik wie dat der in foarj iersnota komme soe. Nei it bekind wurden fan'e wurklike sifers fan 1986 is pas goed dúdlik wurden hoe't de gemeente der finansjeel foarstiet. Foarich jier hat der by de fitsenarisoperaasje in ombûging pleats fûn. Besunigingen binne trochfierd om nij belied te kreëarjen. Nei it like in ûntakbere taak om besunigje te moatten om nij belied fan'e grûn te krijen. No't der alhiel gjin romte mear is foar nij belied is de taak fan jûn noch folie ûntakberder. De oarsaken fan de minne finansjele posysje binne oanjûn yn'e nota. It foarse tekoart op it grûnbedriuw, it weromrinnen fan'e algemiene útkearings fan it Ryk, de finansjele gefolgen fan de weryndieling, besunigingen dy't net helber wiene en in begrutting dy't net mear rom yn syn jaske sit. Wat net neamd wurdt mar neffens har wol in grutte ynfloed hat is it útwreidzjen fan'e taken fan'e gemeente. Troch in belied fan desintralisaasje stjit de lânlike en provinsjale oerheid taken óf wylst de finansjele middels lang net navenant binne. Boppedat freget dizze taakferswierring ek in protte ekstra tiid. Dêrtsjinoer stiet dat fan deregulering noch net safolle te merken is. It is ûnmooglik yn oktober in goed byld te hawwen fan ús finansjele posysje omt fanút Den Haach hyltiten oare sifers op ús takomme nei de tredde tiidsdei yn septimber de peaskesir- kulêre en dan yn de junysirkulêre nochris. It lânlik belied bepaalt foar in grut part ús finansjele moog- likheden. De rie hat de ûntankbere taak dat belied út te fieren en dat giet mei de nedige pine en krityk fan'e boarger. Yn'e begruttingsgearkomste is de grutte soarch dêroer fia in moasje oan'e Twadde Keamer bekind wurden. Ut'e analyse fan it tekoart doch dudlik bliken dat in goede kredytbewaking ûntbruts. Guon besluten binne nommen sûnder in goede finansjele dekking. Amtners, kolleezje en rie moatte de mooglikheid hawwe in gear- hingjend oersjoch te krijen fan'e finansjele posysje ek troch it jier hinne. As wy achter de feiten oanrinne is in goede kotrôle net mooglik en binne dizze pynlike yngrepen nedich. Har fraksje is dan ek bliid dat der troch it kolleezje maat regels nommen binne om de begruttingsdissipline te fergrutsjen en om middels in rapportaasje in goede kredytbewaking te krijen. Hooplik kinne de sifers oer 1987 mei gauwens temjitte sjoen wurde. It moat slagje. 0037V 4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 8