-10- Wethâlâer Breeuwsma seit dat der wol op de kadastrale grins boud wurdt mar dat dêrneist noch in grienstreek oerbliuwt. Der binne lykwols noch gjin beswieren binnenkaam tsjin it bouplan. De hear Van der Baan freget wat der dien wurdt as bliken docht dat it wol sa is as hy earder sein hat. De voorzitter zegt dat nu eerst het voorbereidingsbesluit wordt genomen. Dat wordt ter inzage gelegd en we wachten af of er bezwaren komen. Vervolgens is de raad/ gelet op de laatste alinea van het voorstel, opgeroepen om de beslissing over de artikel-19-procedure aan zich te houden of dat aan het college over te laten. Hij zegt toe, waar mogelijk, invloed uit te oefenen ten gunste van uitbreiding van het politiebureau. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. De voorzitter stelt voor de agenapunten 17Voorstel tot het beschikbaar stellen van een krediet ten behoeve van het bouwriipmaken van fase la van het complex Grouw-Meinaa fase 1. en 19. Voorstel tot vaststelling van verkoopprijzen voor bouwkavels. gelegen in het plangebied Meinqa fase la te Grouw. tegelijk te behandelen. De hear SBouma seit dat syn fraksje der frjemd fan opseach dat der yn útstel 17 in kredyt frege wurdt foar it bouryp meitsjen fan in part fan in bestimmingsplan. Frjemd, om't der foar dit bestimmingsplan noch gjin ekploitaasje-opset klear is. Der is wol út'e kostenberekkening op te meitsjen dat de eksploi- taasje in ton ferlies opsmyt wylens der ek noch kosten trochskood wurde en/of net trochberekkene binne sadat dizze eksploitaasje faaks noch gruttere tekoarten opsmite sil. De ôfdieling finânsjes hat it kolleezje der op wiisd dat se ferwachtsje dat salang as Deputearre Steaten gjin goedkarde eksploitaasje-opset sjoen hat der gjin meiwurking ferliend wurde sil. Ek by agendapunt 19 wurdt troch it kolleezje in frjemde wurkwize hantearre. Yn it plan wurde bygelyks grienstreken opnommen dy't letter eventueel wer ferkocht wurde sille om de neamde tekoarten fuort te wurkjen. Syn fraksje sil, om't no de finansjele gefolgen noch net te oer- sjen binne tsjin de beide útstellen stimme. De hear Bethlehem seit dat it der yn it foarste plak om giet dat de 22 wenten yn'e sosjale sfear boud wurde sille. Hy hat sa stadichoan de idé krigen dat it de V.V.D. net safolle mear útmakket dat der yn'e sosjale sektor boud wurdt. Fansels is der ek wol in plan te meitsjen dêr't allinne de keap- wenten foar alle kosten foar de ynfrastruktuer opdraaie. Hy is fan betinken dat it plan Meinga yn gong setten wurde moat om't oars de hiele wentebou yn Grou stillein wêze soe. 0039V 10

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 12