-12- De hear SBouma seit dat der wol boud wurde moat yn'e sosjale sektor, mar allinne as dat finansjeel helbêr is en dat hat der wol oan yn it gefal. No leit der noch in lyts tekoart op'e earste fase. It is fansels net sa automatysk dat der yn'e twadde fase trochboud wurde sil. Hy tinkt dat Deputearre Steaten der ek problemen mei hawwe sille dat der gjin goedkarde eksploitaasje-opset is. Hy konstatearret dat fase 1 net kostendekkend is en dêrom sil syn fraksje tsjinstimme. De hear Bethlehem seit dat hy it begryp fan'e V.V.D.-fraksje net sa geweldich fynt. It is fan it grutste belang dat dy 22 wenten der komme. Sa as it kolleezje it berekkent is fase la kostendekkend. As it net mear kostendekkend wêze soe wurdt de saak stopset. De hear Van der Baan seit dat hy ûntstriidt dat de tiid te koart west hat om in bestimmingsplan te meitsjen. Foarich jier augustus is der al op wezen dat der gau in plan komme moast om't de wentebouferiening wol bouwe woe. Hy bliuwt op syn stânpunt stean. Wethâlder Breeuwsma fynt it spitich dat de hear Van der Baan nei de bekende wei freget. It is him wol bekind dat pas sa let mei it plan Meinga begûn wurde koe om't earst wachte wurde moast op it bestimmingsplan foar de rykswei. Alle riedsbesluten geane nei Deputearre Steaten en we sjogge wol hoe't dit útpakt. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform de voor stellen 17 en 19 besloten. De fracties van de V.V.D. en F.N.P. willen geacht worden tegen de voorstellen 17 en 19 te hebben gestemd. Voorstelvaststelling vanâeexploitatie-opzetvoorh&£ industrieterrein Spikerboor te Akkrum. De hear Nieuwdam tinkt dat yn it grûnbedriuw Spikerboor dochs in behoarlike bongel oan'e foet is. Hy fynt it fijn dat no de saken op in rychje setten binne. Der is konstatearre dat de prizen de kante meter net heger kinne. Dat der no in tekoart fan oardel miljoen is is in feit dêr't neat mear oan te feroarjen is. Syn fraksje stiet achter dit útstel sadat de kommende jierren bekind is wêr't we oan ta binne. De hear SBouma seit dat it neffens syn fraksje de earste eksploitaasje-opset is dêr't no oer praten wurdt. Deputearre Steaten hawwe der op oantrune dat dy makke wurde moast. Dit útstel jout oan hoe wichtich it is dat der yn it foar in eksploitaasje-opset makke wurdt. De hear Van der Baan konstatearret dat it bedrach om it grûn- bedriuw te sanearjen net foldwaande west hat. Deputearre Steaten befêstige it stânpunt fan de F.N.P. dat der earst in deugdelike eksploitaasje-opset makke wurde moat. Wethalder Breeuwsma konstatearret dat de rie it wol iens is mei hoe't de saak ôfhannele wurdt. It kolleezje hat der foar keazen dat it hiele gebiet yn ien kear êfboekt wurdt en dêrneist wurdt besocht de grûn sa gau mooglik te ferkeapjen. 0039V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 14