-14- De voorzitter zegt dat dit laatste voorstel beter past bij de behandeling van de begroting voor 1989. Dat doet echter niets af aan het systeem dat wordt gehanteerd. Hij zou zich bijvoorbeeld kunnen voorstellen dat men eerder de gasprijs zou verhogen en het vastrecht verlagen om de mensen te prikkelen minder gas te gebruiken. Het gaat hier echter alleen om het vaststellen van de tarieven. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. Voorstel tot het subsidiëren van aanhmm van een accommodatie voor de ieuqd aan de loods van het P.M.2.W. te Grouw. Frou A. Ziilstra seit dat har fraksje bliid is mei dit útstel. Dochs hat se noch in pear opmerkingen. Yn de earste alinea stiet in sin dêr't se oan twifelt oft dat wol sa is. Yn it twadde plak, hoe komt it mei de oare subsydzjes, hoe seker is it dat dy der komme. Se fynt it spitich dat der skieden sealen komme, dy't ek net bygelyks troch in tearwand byelkoar lutsen wurde kinne. Spitich is it dat de jongerein dochs net gearwurkje kin nettsjinstaande de behearsstichting. Se freget oft de behearsstichting ek in eksploitaasje-opset makke hat en hoe't dy der dan útsjocht. Frou Watzema seit dat se einliks wol bliid wêze moatte soe, mar der binne noch in pear ûnwissichheden. Hoe seker is it bygelyks dat we alle subsydzjes ek wier krije. Stel jo ris foar dat de subsydzje foar J.B.J. dêr't op't heden net folie animo foar is, net trochgiet. De hear Van der Baan neamt dit útstel prematuer. Hy hie wold dat der earst in oare diskusje west wie oer it al as net útfierber wezen fan de plannen foar de alde jeugdherberch. As it sa is as yn it útstel stiet dan soe dat betsjutte kinne dat der gjin mienskipssintrum op it plak fan'e alde jeugdherberch boud wurde sil. Sil dat liede ta ofbraak fan it gebou? Dan komme der reserves frij en dan sil earst oanjûn wurde moatte wêr't dy foar brûkt wurde sille. No wurde de reserves sûnder in ôfwaging te meitsjen taskood oan in projekt. Der leit ek noch in maitiidsnota wêrtroch it miskien ek noch sa wêze kin dat de reserves sjoen de grutte tekoarten, oars brûkt wurde moatte. Ek binne in tal subsydzjes noch net wis. Hy freget it kolleezje it útstel earst werom te nimmen en as alles syn beslach fûn hat kom der dan mei wer werom. De hear Dotinaa freget oft it net mooglik is ien ynstee fan twa akkommodaasjes te meitsjen. Wethêlder Bloem stelt foarop dat it hjir net om in ûnferwachte saak giet. Al earder is sein, ûnder oare op'e harksitting ferline jier, dat net fierder gongen wurde kin mei de plannen foar de alde jeugdherberch. Doe is ek dúdlik oanjûn dat der op in oare wize wat oan it jongereinwurk dien wurde soe. It is frij wis dat de subsydzjes der komme. Mar as der in wiziging is sil se op it útstel werom komme. 0039V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 16