-15- Fan J.B.J. wurdt de maksimum subsydzje ferwachte. J.B.J. seit altiten foarriedich subsydzje ta en jouwe it pas echt as de oaren it ek echt dogge. Yn Boarn is J.B.J. sawat klear en se sille no oan'e gong yn Reduzum. De foarrige kluster hat yndied nochal wat lang duorre mar dat hie der ek mei te krijen dat se it hiel goed dwaan woene. It leit wol yn'e ferwachting dat it mei dizze saak wat flugger giet. It is in goede saak dat der in behearsstichting foarme is dy't fansels ek in eksploitaasje-opset meitsje sil. Se tinkt dat it no net it momint is dat tefolle foarútrûn wurdt op de ûntjouwing fan in fierdere gearwurking tusken de twa groepen ek romtelik besjoen. Mei dit útstel wurdt ôfwûgen oft de reserves brûkt wurde sille foar it doel dêr't se foar bestimd binne. Frou Watzema freget oft de behearsstichting ek troch de rie goedkard is. Se freget mei klam dat der, as der in wiziging yn de finan- siering komt it útstel op'e nij yn de rie te besjen. Hoe reëel is de kans dat it útfieren troch J.B.J. slagget. De hear Van der Baan is ûngerêst om't der noch gjin wissichheid is oer in tal subsydzjes. Hy wol dat earst de saak, ek wat de subsydzje oanbelanget, run is, ear't de rie hjiroer beslút. Ek de reserves moatte earst frij makke wurde. Frou A. Ziilstra freget oft se goed begrepen hat dat wethalder Bloem noch wol war dwaan wol de beide lokaasje byelkoar te bringen. Dêrneist freget se oft it net sa wêze kin dat we aanst mei in behearsstichting sitte dy't de eksploitaasje net run krije kin. Wethalder Bloem seit dat de eksploitaasje gjin ûnderdiel fan'e stichting fan dit nije gebou útmakket. It delsetten fan it gebou is mei dit útstel run. As groepen harren organisearje troch it oprjochtsjen fan in behearsstichting hoecht dat net yn'e rie besluten te wurden. It hie ek wol sa wêze kind dat der, om't it om twa groepen jongeren giet, ek twa stichtingen west wiene. Se is bliid dat dat net sa is. As in subsydzje weifalt as leger wurdt sil se it útstel op'e nij yn'e rie bringe, om't dan it totaalplaatsje net mear kloppet. Troch gebrûk te meitsjen fan J.B.J. is der in mooglikheid de gemeentlike bydrage te beheinen tot 140.000, It is wol reëel dat J.B.J. slagget, allinne de fraach is wol op hokfoar termyn om't it bart dat guon jongelju wurk krije yn tuskentiid. It is in logyske saak om de reserves te brûken foar dit projekt. It is ek net ûnbekind dat net mei de âlde jeugdherberch fierder gien wurde sil. It is technysk best mooglik de akkommodaasje sa te meitsjen dat fan twa sealen ien gruttenien makke wurdt. It is ôfhinklik fan de gearwurking tusken de Poask en de Vrijplaats oft dat ek barre sil. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. De heer Van der Baan wil geacht worden te hebben tegengestemd. 0039V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 17