-5- De hear SBouma seit dat syn fraksje mei it grutste part fan it útstel gjin muoite hat, mar hy wol dochs in pear kanttekenings meitsje oangeande it nije útwreidingsplan. De befolkingsgroei is fêststeld op 0,4% en dat soe ynhâlde dat der oant 1995 50 60 wenten byboud wurde moatte soene. Syn fraksje hat mei dizze suver sifermjittige beneiering wol muoite. Harren tinkt dat it sjoen de hjoeddeiske sitewaasje ferstanniger wize soe de plannen mei de helte yn te koartsjen. Neffens de foarriedige eksploitaasje-opset kin dan ek kostendekkend útfierd wurde. In fasegewize útfiering keppele oan in fasegewize oankeap fan'e grûn is de beste metoade. De hear Nieuwdam stelt út de punten 6, 7 en 8 tagelyk te behanneljen fanwegen de gearhing dy't der is. De ried giet dêrmei akkoard sadat no ek de punten 6. Voorstel tot het nemen van een voorbereidinasbesluit op arond van artikel 21 van de Wet op de Ruimtelijke Ordening 8. Voorstel tot het beschikbaar stellen van een tweetal kredieten voor hetopstellenvâfieen bestemmingsplan Waroa en een bestemmingsplan Waraa Zuid-Oost behannele wurde. De hear Nieuwdam seit dat al út de earste sin fan ageendapunt 6 bliken docht dat de oardening fan'e romte yn Wergea op'e helling moat. Oan'e iene kant mei it each op it beskerme doarpsgesicht en oan'e oare kant omt blykber yn it ferline de bestimmingsplannen net opelkoar ôfstimd en net aktualisearre binne. Mei dizze beliedsnota wurdt dêr mear rjochting oan jûn. It wurdt no heech tiid dat de ynwenners fan Wergea de mooglikheid krije om yn it eigen doarp nije wenten boue te kinnen. It útwreidingsplan, en ek it bestjoer fan Pleatslik Belang hat der faak op oantrune, moat der komme, al fanôf 1983 binne we ommers dwaande mei in mooglike útwreiding fan Wergea en einliks is it no safier dat we beslute kinne oer in stikje nije romtlike oardening foar Wergea. Wat it nije bestimmingsplan oanbelanget hat hy in pear kanttekenings Syn fraksje hat ek wol de beswieren heard fan in groep ynwenners fan Wergea en hat ek wol each foar harren noeden, mar tinkt dat der fral sjoen wurde moat nei it algemien belang en dat is dat der in grut ferlet is fan wentebou. Syn fraksje hat der betrouwen yn dat, ek sjoen de hjoeddeistige sitewaasje der minsken binne dy't harren ta wenjen sette wolle yn Wergea. Hy stelt noch wol de fraach yn hoefiere de arguminten dy't oanfierd wurde troch de ferûntrêste Wergeasters ek brûkt wiene as der in oare lokaasje foar it útwreidingsplan keazen wie. No't ek Pleatslik Belang him sa dúdlik útsprutsen hat hat syn fraksje gjin inkelde muoite mei de kar dy't makke is. It doarp soe syn elastisiteit ferlize as der net mear in mooglikheid ta útwreiding wie. 0040V 5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 25