-6- Hy fynt it spitich dat der gjin sosjale wentebou plak fine sil, mar hy ferwachtet dat der troch it nije plan dochs wat troch-streaming komt yn'e hiersektor. De hear Volberda seit dat syn fraksje it plan stypje kin. Hy is bliid dat der no yn Wergea foarútgong is. It hat him nij dien dat yn'e ôfdielingsgearkomste groepen minsken elkoar tsjinsprutsen. Hy is der net sa botte wis fan dat de wurkgelegenheid by de Frico safolle weromrinne sil. De Wergeasters kinne hast allegearre bliuwe en sa't it no liket giet ek noch de hiele bûterproduksje nei Wergea. As it útwreidingsplan op in oare hoeke kaam te lizzen wiene der wierskynlik gjin beswieren west. De hear Van der Baan seit dat hy yn'e ôfdielingsgearkomste oanhikke hat tsjin it feit oft it no wol it goede momint is om mei dit bestimmingsplan útein te setten. Oan'e oare kant binne der lûden te hearren dy't betrouwen jouwe dat de Frico yn Wergea in minder swarte takomst temjitte giet. Fandêr dat der dochs op dit stuit saken dien wurde moatte. It helberheidsûndersyk dat by it bestimmingsplan heart nimt hy foar kundskip oan. It bestimmingsplan moat letter beoardiele wurde oan'e han fan in eksploitaasje-opset, dy't net perfoast slutend hoecht te wezen mar de rie moat wil sicht halde op hoe't it ferrin wêze sil. Mei it plan dat der no is moat wol foarsichtich omgong wurde yn safier dat de belangen fan'e minsken dy't der tsjinoan wenje net ûndersnije moatte. Hy ferwachtet dan ek dat der in goede wikselwurking wêze sil tusken de befolking en it gemeentebestjoer. Wethalder Breeuwsma is wol ynnommen mei de réaksje út'e rie. It is de bedoeling dat it plan yn fases útfierd wurde sil. Der wurdt dus net mear in hiel strjitteplan oanlein. It bestimmingsplan wurdt oanlein op ien stik lân en dat moat fansels wol yn ien kear oankocht wurde. Yn'e ofdieling is al opmurken dat der relatyf in protte wenten yn'e wetenwetsfear binne. It is fansels altiten mooglik wentewet- wenten te bouwen mar dan moat de rie wol in kredyt dêrfoar beskikber stelle. Der bliuwt tusken wat no de râne fan it doarp is en it nije bestimmingsplan noch in behoarlike grienstreek oer. Hy is bliid dat de hear Van der Baan der no hiel oars oer tinkt as yn'e ofdielingsgearkomste. De hear Nieuwdam seit dat it goed is te witten dat der foar Wergea op dit stuit de kar makke wurdt gjin wenten yn'e sosjale sfear te bouwen. By oare bestimmingsplannen sil hyltiten wer besjoen wurde moatte oft der keazen wurdt foar in finansjeel tekoart en wenten yn'e sosjale sfear of dat de eksploitaasje kostendekkend wurdt. De hear S. Bouma tinkt dat it feiliger foar it plan as gehiel is dat earst in diel fan'e grûn oankocht wurdt en dat der in opsje op de rest nommen wurdt foar lettere jierren. Wethalder Breeuwsma seit dat it giet om 3 ha lân foar 120.000, As der in lytser part oankocht wurde soe binne de kosten al gau ƒ7,de kantemeter. Sa't it no dien is, is neffens him de beste keap. 0040V 6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 26