-7- Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform de voorstellen 7, 8 en 6 besloten. 6a. Voorstel tot het nemen van een voorbereidinqsbesluit op grond van artikel 21 van de Wet op de Ruimeteliike Ordening. De hear Nieuwdam seit dat in part fan syn fraksje him deroer fernuvert dat der no boud wurde sil op palkken dêr't men yn it ferline fan fûn dat der net boud wurde moast. It is de fraach yn hoefier it juridysk mooglik is dat der no dochs op dy keale flakte njonken de rykswei boud wurdt. En oft de presedintwurking dy't hjir fanút gean kin wol foldwaande ôfdekt is. De hear SBouma seit dat syn fraksje him wol fine kin yn dit útstel. It is in prima saak dat dy man temjitte kommen wurdt. Hoe komt it mei de tagonklikheid fan it lân yn ferbân mei de "merenloop" en it noch oan te lizzen fuotpaad. De hear G. Bouma seit dat him de line ûntgiet dat der no gau in beslissing nonunen wurde moat omt oars de bou fan it fiadukt yn'e knipe komme soe. Dat stiet yn'e fjirde alinea. Wethâlder Breeuwsma seit dat it hjir in hiel oare sitewaasje is ad dat men oars freget om te bouwen yn it bûtengebiet. Normaalwei besteane der wol beswieren tsjin. Dit gefal komt fuort út in oerheidsmaatregel Ien syn wente wurdt oanpakt en dan is it neffens him ridlik dat der meiwurke wurdt oan ferpleatsing fan de wente. It hûs stiet noch wol frij ticht op'e rykswei en der binne noch petearen geande oer de lûdkearende maatregels dy't der miskien nimmen wurde moatten. Hy wol wolris neigean hoe't it sit mei it fuotpaad en de "merenloop" Hy komt der yn'e ôfdieling op werom. De hear G. Bouma freget yn hoefiere it juridysk wetterticht is sadat der perfoast gjin presedintwurking fanút gean kin. Yn prinsipe is de saak óf mei dat it ryk de wente oankeapet en dat oan de eigener de skea fergoede wurdt. Op minsklike grûnen kin jo dan meiwurkje oan dit bouplan mar it hoecht fansels net. Wethâlder Breeuwsma seit dat der hjir as dêr wol jurisprudinsje lizze sil mar om te sizzen dat it juridysk wetterticht is giet him wat te fier. Jurisprudins je komt pas ta stân as der sprake fan ûnteigening is. Rykswettersteat sit altiten leaver besykje om ta in compromis te kommen as it op Onteigening oankomme litte omt oars de útfiering fan'e rykswei hiel lang opkeard wurde kin. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. 6b. Voorstel tot het nemen van een viertal voorbereidinasbesluiten op arond van artikel 21 van de Wet op de Ruimtelijke Ordening. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. 0040V 7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 27