-12- In wichtich útstel omt dizze dyk dwers troch ús gemeente rint, en omt dizze ferdûbeling yn'e takomst in positive útwurking op'e fryske ekonomy hawwe kin. Sa besjoen, kin de V.V.D. mei it ferbreedzjen ynstimme. Folie wichtiger is lykwols hoe't de rykswei der út komt te sjen. Oer dizze saak binne hiel wat gearkomsten belein en hyltiten hawwe ferskate minsken en ferienings hjir harren wurdsje oer sein. Jûn is it oan'e rie om him út te sprekken. Geandewei waard syn fraksje dúdlik dat de winsken fan'e minsken net alhiel oerien kamen mei de gedachten fan it kolleezje. Dat hat der ta laad dat der 10 beswierskriften ynkaam binne, fan alle 10 seit it kolleezje dat se súnder grûn binne. De V.V.D. fraskje kin har hjir net hielendal yn fine. Tenearsen de brêge oer de Rjochte Grou. Neffens de beskriuwing yn it bestimmingsplan is de hichte fariabeiIn ferkearde saak foar in gemeente as Boarnsterhim dêr't de rekreaasje o sa wichtich is. De brêge leit no op 2.50 m en dat moat sa bliuwe. Ferleegje mei de mooglikheid him letter wer te ferheegjen liket nearne nei. No is de mooglikheid der in alternative farwei te meitsjen en dat moatte we net sjitte litte. Datselde jildt ek foar de brêge oer it Swin. Ek dy moat 2.50 m heech wurde, om de farwei nei Reduzum net óf te sluten. Dat dit yn striid is mei it Streekplan is no net oan'e oarder omt der gjin juridyske bining is en de streekplannen hyltiten wer wizige wurde. Syn fraksje fynt dan ek dat it beswierskrift grûndearre ferklearre wurde moat. Dan de sitewaasje by Tsienzerbuorren. Dêr is op dit stuit al tefolle lûdsoerlêst sa docht bliken út stikken dy hy it ôfrûne wykein krigen hat. Inkelde wenten komme foar êfbraak yn'e beneaming. It kolleezje seit dat hjir in aparte proseduere foar nedich is. It kolleezje wol earst de tellingen êfwachtsje en ûndertusken wurdt fierder gien mei it oanlizzen fan'e dyk tusken Snitserhoeke en Idaard. Neffens syn fraksje en de bewenners fan Tsienzerbuorren wurdt de tastân hyltiten slimmer en it soe ynhâlde kinne dat nei ferrin fan tiid hiel Tsienzerbuorren ofbrutsen wurde moat. Dit moat oanpakt wurde, troch bygelyks de nije dyk boppe Tsienzerbuorren del te lizzen en Tsienzerbuorren op te nimmen yn it bestimmingsplan. Neffens syn fraksje moat it beswierskrift grûndearre ferklearre wurde. As léste de sitewaasje by Grou. Undúdlik is noch de ynfolling fan de rotonde by de krusing Stasjonswei Tjallingha en de oansluting fan de Burstumerdyk. Ek ûndúdlik is hoe't de lûdsoerlêst weinommen wurde sil. Fragen hjirby binne: hoe heech wurde de skermen en bliuwt Grou fan de dyk 5f noch wol te sjen. Hy freget omtinken foar it fuotpaad by it kanaal lans. Der moat it goede ferbining komme fan it âlde paad nei en troch it akwadukt Dit moat ek opnommen wurde yn it bestimmingsplan. Gearfetsjend komt hy ta de konklúzje dat it ferbreedzjen fan rykswei 32 en it trochlûken fan'e Sll op in sadanige wize útfierd wurde moat dat Boarnsterhim net sitten bliuwt mei saken dêr't gjin ferlet fan is en dy't ús letter pleagje kinne. 0040V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 32