-13- De hear Van der Baan seit dat de rie jûn in oardiel útsprekke moat oer it bestimmingsplan. Yn it foarste plak wol hy kwyt dat neffens him de foarljochting net optimaal west en dat de gong fan saken it leste healjier him alhiel net oan stiet. De foarljochting oer de lûdshinder wie bygelyks oer de lûdshinder wie bygelyks net optimaal. De wethâlder folstie mei de meidieling dat hy der gjin ferstân fan hat. Soks kin fansels net, in minimale tarieding fan syn kant hie wol op syn plak west. Yn'e foarljochting waard de saak dêrom net dúdlik. Ien fan'e oanwêzigen út it publyk fertelde dat in taname fan 5 dBa op 50 dBa yn wezen in lûdsferdûbeling bestjut en net mar in taname fan 10 persint. Dan de gong fan saken oangeande de beswierskriften fan it V.V.V. It V.V.V. hie, lykas Pleatslik Belang en A.N.W.B. ek in beswierskrift yntsjinne by it foarûntwerp. Dizze trije ynstânsjes hawwe frege oft it nedich wie by it ûntwerp- bestimmingsplan wer in beswierskrift te skriuwen. It beskie wie dat dat net nedich wie, de beswierskriften soene fierder meinommen wurden yn'e proseduere. Op oanrieden fan buten hat Pleatslik Belang op't lest noch in beswierskrift skreaun, mar fanwegen fakânsje wiene de bestjoersleden fan it V.V.V. net berikber. It is net ûnmooglik dat ek oaren op'e ferkearde foet setten binne. Hy is dan ek fan betinken dat it beswierskrift fan it V.V.V. Grou wol ûntfanklik ferklearre wurde moat. As dat net bard soe hy dat in died fan ûnbehoarlyk bestjoer fine. It op'e hichte bringen fan de brêge oer de Rjochte Grou soe eins it praat net wurdich wêze moatte. It giet ommers mar om in hichteferskil fan twa flessen Beerenburg. Troch sa'n ûnnoazel lyts eintsje wurde de takomstige ûntjouwingsmooglikheden op slot set. De ferbining mei de Snitsermar fia Akkrum is net idéaal mar we kinne der net sûnder. It P.M.-kanaal is gefaarlik en sil noch gefaarliker wurde en is ünrêstich. De route fia Jirnsum biedt in rêstich en goed alternatyf, dat allerhande mooglikheden foar de takomst yn him hâldt. It sil, omt der minder brêgen binne, ek foar de toerist oantreklik wêze. De mooglikheden nei it Swin bliuwe iepen. Yn'e winter sil de ûndertrochgong fan it akwadukt swierrichheden opleverje. Der sil klúnd wurde moatte. Dat de brêge noch omheech kin is it bliid meitsjen mei in deade mosk want de eventuele ferheging soe op dit stuit al oardel as twa miljoen kostje. It is te gek om los te rinnen om de brêge no net heger te lizzen omt as it yn it wurk meinommen wurdt it mar trije ton koste. Dy ekstra kosten letter komme wol op'e régen fan'e boargers del. Mei de oanlis fan dizze rykswei moatte Grou en Jirnsum lûdsoerlêst en bedjêr fan wenklimaat tastean en ûntjouwingsmooglikheden op toeristysk mêd ynleverje. Oangeande de maatregele fanwegen de lûdsoerlêst dy't nommen wurde moatte by Tsienzerbuorren is noch neat bekind. It berikke akkoart is foar him net foldwaande. De kriptyske omkriuwing oer de boppe trendmjittige yntisiteits- taname jout gjin hâldfêst. Tsienzerbuorren heart meinommen te wurden yn it bestimmingsplan omt dat harren rjochtssekerheid jout. As léste it beswierskrift fan'e wurkgroep lûdshinder, dat mei ûndertekene is troch Pleatslik Belang. 0040V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 33