-14- De minimale lûdswâl sil omtrint gjin effekt hawwe op'e oerlêst no en yn'e takomst. It sicht op Grou soe foar in part ferdwine. Nei it fiadukt en foar de tunnel bliuwt ek mei in lûdswâl it sicht op Grou wol bestean. It nettorisseltaat sil wêze dat it sicht 400 meter lang op Grou ûntnommen wurdt troch de lûdswâl. Foar in tal Grousters wurdt in wenklimaat skepen mei in ûnnedige oerlêst fan lawaai. Der is net de oertsjûging dat der foar de Grousters opkommen is en dat alles dien is om foar harren te fjochtsjen. Seis wie der it gefoel dat we op'e ferkearde foet setten waarden. De F.N.P. wol wol meigean mei it bestimmingsplan mar der binne wol tri je betingsten. De brêge oer de Rjochte Grou moat 2.50 m heech wurde. In lûdswâl fan 3 meter hichte by Grou moat der komme wat de garânsje jout dat de lûdsoerlêst minimaal wêze sil. Tsienzerbuorren moat meinommen wurde yn it bestimmingsplan. De hear Volberda seit dat der op'e ofdielingsgearkomste wiidweidich oer it ûntwerp-bestimmingsplan sprutsen is. Hy fynt it dan ek wat nuver dat hjir jûn safolle op tafel komt, dêr't yn'e êfdieling net oer praten is. Wat him opfalt is dat de brêge oer de Rjochte Grou net 2.50 m bliuwt. As dat direkt meinommen wurdt is dat grif foardieliger as dat dat letter nochris dien wurde moat. Hy wol wolris witte hoe't it stiet mei de rotonde by Tjallingha. Hy kin him wol yntinke dat de omwenjenden dat ek hiel graach witte wolle. De minsken op Tsienzerbuorren sitte wol in bytsje tusken wâl en skip. Hy freget him wol of dat as de Sil net trochlutsen waard de lûdsoerlêst folie minder wêze soe dan as dy dyk wol troch lutsen wurdt. Wethêlder Breeuwsma seit dat it giet om in hiel wichtige saak. Dizze dyk dy't midden troch Fryslên rint sil in goed effekt hawwe op'e wurkgelegenheid, mar der binne ek oare, negatieve kanten. As jo mei in romme beurs yn'e hân de plannen útfiere kinne dan soe dat ynhâlde dat der lang net dy problemen wêze soene dy't der no binne. Der moat roeit wurde mei de rimen dy't der binne. De provinsje moat in protte meibetel je foar it akwadukt. Mar ien ding is dúdlik, de gemeente hat der gjin jild foar. De gemeente koe ek oars net dan as besykje de plannen sa goed mooglik te krijen en dat der oerienstimming mei ryk en provinsje kaam. Dat is it yn elts gefal better dan as oplein wurdt hoe't de dyk der út komt te sjen. It kolleezje hat dúdlik keazen foar it oerlis sa dat it meast helbere berikt wurde koe. Hy is der bliid mei dat de measte sprekkers, mei útsûndering fan de hear Van der Baan dy't yn'e rie en op'e radio oars net hearre litten hat as krityk, nettsjinsteande de problemen mei it kolleezje meitinke wolle. It is it doel dat it ûntwerp-bestimmingsplan om 10 as 15 augustus hinne op besjen lein wurdt. Begjin septimber sil noch in ekstra advertinsje setten wurde. Dan it brief fan Deputearre Steaten oer Tsienzerbuorren. Dêr is kontakt oer west en der is in wiziging sadanich dat der gjin sprake mear is fan allinne benoarden Tsienzerbuorren. 0040V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 34