-15- Der wurdt 110 sprutsen oer de gevels fan dy wenten dêr't de lûdsbelesting mear as 65 dBa is. Hjoed is dy wiziging krekt binnenkommen. Hy giet der fanút en sa is dat ek mei de provinsje ôfsprutsen, dat de earste lûdsmjitting in jier foar de tiid en in jier nei de tiid dien wurdt en dat it gemiddelde oanhâlden wurdt. Oan de hân derfân sil fêststeld wurde kinne hoe grut de taname is. It kolleezje wol de taheakking sa't de hear Nieuwdam dy útstelt oer de hichte fan'e brêgen oer de Rjochte Grou wol oernimme. De hear S. Bouma hellet in tal punten, dêr't hy ek wol fan wit dat der hiel swier oer praten is, nei foaren en hy seit dat dat dochs mar oars oplost wurde moat. Mar sa leit it der net hinne, dit binne no krekt de knyppunten dêr't in protte tiid oan bestege is en dêr't it kolleezje út en tenei syn bést dien hat om der út te slepen wat der út te slepen is. Op dizze wize is der in ridlik kompromis berikt tusken ryk, provinsje en gemeente. De hear Van der Baan kin yn it útstel léze hoe't it kolleezje tsjin de brêge oer de Rjochte Grou oerstiet. De hichte fan'e lûdswal sil besjoen wurde by de bouoanfraach. Oer Tsienzerbuorren hat hy niis al it ien en oar sein. Dat de hear Van der Baan praat oer ûnbehoarlik bestjoer fynt hy in foarbyld fan ûnbehoarlik praat. It kolleezje wol earst noch wolris in skets sjen fan wêr't de rotonde komt en hoe dy der útsjocht. Dan kin der mei de omwenjenden en mei de ofdieling oer praat wurde. De hear S. Bouma seit dat de wethâlder hielendal foarbygiet oan de punten dy't hy yn earste ynstansje neamd hat. As der op dizze wize ek mei de provinsje ûnderhannele is dan neamt hy dat mar ûndúdlik en dizenich. Der komme gjin konkrete dingen út fuort en hy tinkt dat der wol mear fan te meitsjen wie. De útkomsten falie syn fraksje of. De gemeente moat altiten op syn iepenst wêze en konkreet en mei faasje oan'e saak wurkje. Dat soarte yntinsjes ûntbrekke neffens him. Hy wol graach noch in antwurd op'e réaksjes yn earste termyn. De hear Nieuwdam is noch net sa gelokkich mei it bestjoersakkoart oer Tsienzerbuorren. Hy freget it kolleezje ta te sizzen dat der noch in briefwikseling mei Deputearre Steaten komt oer de ynhâld fan it brief fan 17 maaie. Hy wol dat der by de lûdmjittingen ek praat wurdt oer oantallen auto's, sadat der dúdlikheid ûntstean kin oer de relaasje dy't der mei de 5 persints taname bestiet. Hy is der wol bliid mei dat Deputearre Steaten no prate wolle oer hiel Tsienzerbuorren. Mevrouw Aukes zegt dat de wethouder niet concreet op de vragen van haar fractie is ingegaan. Voor Tsienzerbuorren zijn cijfers betreffende de geluidsbelasting bekend, die zoals ook de heer Bouma al gezegd heeft, waarschijnlijk tot sanering zullen leiden. Er zou daarom een andere stap gezet moeten worden door bijvoorbeeld de weg om te leggen en deze in het bestemmingsplan op te nemen. Dan is er ook nog gevraagd naar het voetpad, waar de wethouder ook niet op geantwoord heeft. Waarvoor zit de raad hier als op deze, onbevredigende manier voorstellen worden behandeld. De hear Van der Baan fynt it spitich dat de wethâlder tige dizenich bliuwt. De wethâlder giet net yn op it útstel it beswierskrift fan it V.V.V. Grou Gntfanklik te ferklearjen. 0040V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 35