-16- Hy is it mei de V.V.D. iens dat besocht wurde moat Tsienzerbuorren wol yn it bestimmingsplan op te nimmen. Hy begrypt net dat dy stap net nommen wurdt. De hear Renia seit dat der noch in tal saken binne dert hy it net mei iens is. De brêge by Grou is foar him net in brekpunt. Mar wat der foar Tsienzerbuorren op tafel kommen is, is in spul fan neat. Yn'e bestjoersoerienkomst stiet dat alle huzen dêr't 65 dBa as mear mjitten wurdt meinommen wurde sille. Der moat noch in boppe-trendmjittige ferheging fan 5 persint oerhinne komme foardat men wat docht. Neffens him moat der by 65 dBa al nedich wat dien wurde. Hy sjocht it der fan kommen dat der hielendal neat bart. En wat halde no eins de maatregels yn dy't dan eventueel nommen wurde sille. Al mei al fynt hy it bestjoers- akkoart foar Tsienzerbuorren dusdanich faach dat hy him der net yn fine kin. Wethâlder Breeuwsma seit dat it kolleezje der útsleept hat wat koe. It budzjet wie it grutste probleem. Dêrtroch koene in tal saken dy't it kolleezje ek graach oars sjoen hie net trochgean. It trajekt mei safolle miljoen kostje en as it mear kostet giet it net troch. As wy it jild net brûke fan it ryk giet it o sa maklik wer nei it westen ta werom. De provinsje betellet it trochlûken fan'e Sll, foar it akwadukt betelje se 13 miljoen mar de gemeente hat gjin jild. As der in tunnel by Idaard komt dan kostet dat wer 4 miljoen mear en dan moat der earne oars op besunige wurde. De sinten hawwe by alles de grutste rol spile. It kolleezje hat ek útstelt de dyk by Tsienzerbuorren om te lizzen, mar dat kostet 2,5 miljoen en dat is net helber. By de wiziging fan it bestimmingsplan wurdt Tsienzerbuorren net belutsen. De gemeente kin dat net oplizze, omt de gemeente de wiziging net oanfreget, mar alline mar wegerje oan it bestimmingsplan mei te wurkjen. Hy fynt it ek ûnbefredigjend mar hy bliuwt fan betinken dat mei it bestjoersakkoart it meast helbere berikt is. De voorzitter stelt voor tot stemming over te gaan. Het voorstel van de heer Nieuwdam om in het bestemmingsplan op te nemen dat de brug over de Rjochte Grou een minimale hoogte van 2 meter boven fries zomerpeil moet hebben wordt door het college overgenomen. Dan is er het voorstel van V.V.D. en F.N.P. om de brug op 2,50 m te leggen. Betreffende de geluidswal bij Grouw die de heer Van der Baan op 3 meter wil hebben memoreert hij dat is toegezegd dat te onderzoeken. De hoogte van een geluidswal hoort trouwens ook niet thuis in een bestemmingsplan en is nu dan ook verder geen punt van discussie. De fracties van e V.V.D. en F.N.P. hebben het voorstel gedaan Tsienzerbuorren op te nemen in het bestemmingsplan. De hear Nieuwdam wol graach oerlis om te besjen oft der noch it útstel komme moat om in briefwikseling mei Deputearre Steaten oan te gean oer Tsienzerbuorren. De voorzitter schorst daarom om 22.30 uur de vergadering voor overleg. Om 22.45 uur heropent hij de vergadering. 0040V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 36