-2- Wethâlder Breeuwsma seit dat noch neier ûndersocht wurde moat wat der krekt oan'e hân is. Der binne, sa is him bekind, ek brieven by de ruilferkaveling binnenkaam. Der stiet ek wat oer skreaun yn it stimmingsrapport en der sil ek mei it wetterskip Middelseekrite oerlein wurde. Hy wol yn'e ofdieling wol meidiele hoe't de saak der hinne leit. De voorzitter antwoordt mevrouw Aukes dat er nog geen brief naar de heer Mölhmann onderweg is. Punt 23. De hear Van der Baan is bliid dat de gemeente Ljouwert de moasje stipet. Hy hopet dat ek oare gemeenten noch folgje sille. Vervolgens worden de ingekomen stukken voor zover niet anders vermeld, voor kennisgeving aangenomen. 3Mededelingen. Punt 7 tot en met 12. De hear Van der Baan wit net hielendal mear hoe't de priis yn dizze gefallen ta stân kommen is. As it om kavelprizen giet dan binne se dochs gelyk? Mar de kantemeterpriis is ek net oeral gelyk. Wethâlder Breeuwsma seit dat it giet om kavelprizen. Hy wol yn'e ofdieling noch wolris op dit spesifike ûnderdiel yngean. Punt 16. Frou Faber fynt it spitich dat de kar foar de A-fêstiging net op Wergea fallen is. De fêstiging A hâldt nochal wat mear yn dan de fêstiging B dy't no yn Wergea komt. Dat sil betsjutte dat der 140 minsken minder wurkje sille. De leste berjochten sprekke fan 100 arbeidsplakken, mar dat is noch yn ûnderhanneling. Dúdlik is wol dat der in folie lytser fabryk oerbliuwt yn'e takomst en dat hat grutte gefolgen foar it doarp Wergea, mar ek foar de fiere omkriten. Har fraksje is teloarsteld dat it sa run is, oant it lest ta wie der in stille hoop dat it goed foar ús útpakke soe. Har fraksje jout it kolleezje in kompliment foar de ynset en wol har grutte wurdearring dêrfoar útsprekke ek nei it provinsjaal bestjoer en Pleatslik Belang fan Wergea. Us foarstellen wiene fiergeand op it punt fan de Hinderwet en de ynfrastruktuer, spitigernôch hat it net holpen. Nei bûten ta is ús gemeente ek prezen. De direksje fan Noard- Nederland seit dat hja tige ferheard binne oer de fiergeande foarstellen. Soe de direksje miskien fiele hoe wichtich it eins foar Wergea is dat dizze arbeidsplakken behâlden wurde. It is hast net te begripen dat yn ús suvelprovinsje it meitsjen fan tal fan produkten net mear barre sil. Wergea wurdt no in fabryk fan de produksjeflessen en der sit in weromrin yn fan 1 oant 3 persint jiers. Men is dwaande glês oan te lûken fan oare fabriken. Hooplik slagget dat. Se rekkent der eins op dat eltsenien fan it miljeu-effekt oertsjûge is en dat it keepgedrach dêrtroch feroarje sil. 0039V 2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 4