-4- De voorzitter zegt dat de gedachte van de heer Bouma niet eerder tot uitvoering kon worden gebracht omdat het niet verstandig zou zijn "mei de klompen troch it spul te rinnen". Temeer omdat het recreatie-oord een stichting is die weliswaar banden heeft met de gemeente maar toch zelfstandig opereert. Nu het verkoopplan niet is doorgegaan zal er donderdag aanstaande met het bestuur gesproken worden met name over de mogelijke ontwikkelingen op recreatief gebied in Grouw. Wil er op korte termijn met een actie-gericht plan gekomen kunnen worden lijkt het hem niet verstandig de hele gemeente daarin te betrekken. Particuliere ontwikkelingen zijn hem niet bekend, maar hij neemt aan dat hij daar dan donderdag meer van zal horen. Morgen zal er in de afdeling over de verdere ontwikkelingen worden gepraat. De hear G. Bouma is bliid dat der no opiens gong yn de saak komt. Neffens him is de beslissing it rekreaasje-oard net te ferkeapjen al in pear moannen lyn nommen. Hy doelde net allinne op'e Stichting Recreatie-oord Yn'e Lijte dy't wol in hiel wichtige partner is mar net de iennichste. Hy mient út it brief oant it kolleezje leze te moatten dat ek sy witte fan ynisjativen fan tredden dy't mooglik risikodragend kapitaal meinimme kinne. It docht him nij dat it kolleezje dêr net fan witte soe. It liket syn fraksje goed dat de yntegrale rekreative foarsjennings foar hiel Grou besjoen wurde. Tagelyk soe de gemeente hjiryn it foartou nimme moatte en dat betsjut wer dat ek net foar de finansjele ferantwurdlikheid dêryn weirun wurde kin. De hear Van der Baan seit dat hy benammen doeld hat op'e tredde jachthavenkolk dy't hy folslein net loss jen kin fan it totaal yn Boarnsterhim, dêr't op dit stuit noch hûnderten lege lisplakken binne Punt 23. Frou Faber 'seit dat hjirút bliken docht dat der noch gjin sportstichting yn Jirnsum funksjonearretIt liket har foar alles better dat dy der wol komt om sa'n frjemde konstruksje as hjir brükt is tenei yn it foar te kommen. De hear Van der Baan hat grutte muoite mei it beslút. De keats- feriening hat al twa jier achterelkoar twatredde fan it seizoen gjin gebrûk meitsje kinnen fan it fjild. It soe billik wêze as se dan ek mar in part fan de hier betelje moatte soenen. Wethâlder Bloem seit dat gesprekken oer in sportstichting al oan'e gong binne. Se tinkt dat dat wat de hear Van der Baan wol presedintskeppend is en dêr is se net foar. Punt 24. Frou S. Ziilstra seit dat dizze meidieling har tige noasket. It bestjoerskonvenant is in goede saak foar de learlingen yn it fuortset ûnderwiis. Se freget oft dit soarte oerienkomsten ek mooglik binne mei byglyks Snits as Ljouwert. 0039V 4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 6