GEMEENTE BOARNSTERHIM 22. Utstel oangeande beropskrift tsjin beslút ôfwizen stúdzjekostefergoe- ding. Oan de ried. Grou, 2 septimber 1988. Yn ús gearkomste fan 1 maart fan dit jier hawwe wy besletten om in fersyk om stúdzjekostefergoeding foar in oplieding ingelsk (MO-B) of te wizen. Us beslút is basearre op kêst 3 fan it "reglement studiefonds gemeente Boarnsterhim", dêr't yn steld wurdt dat wannear't in fergoeding ûntfongen wurdt fan in oare ynstelling (Ryk, Provinsje, G.A.B.) in gemeentlike fergoeding útsluten wurdt. De mooglikheid om der op in útsûndering te meitsjen wurdt yn'e regeling net neamd. Nei oanlieding fan dat ôfwizingsbeslút is in beropskrift yntsjinne. Dêrnei is de yntsjinner fan it beropskrift heard troch de kommisje beswier- en beropskriften Boarnsterhim. Op grûn dêrfan en oanbelangjende stikken hat de kommisje advisearre it beropskrift ûngrûndearre te ferklearjen. It advys en it proses-ferbaal fan de sitting lizze foar jim by de stikken op besjen. De stúdzjekostefergoedings-regeling is yn 1984 ynsteld mei de bedoeling om minsken temjitte te kommen dy't gjin oanspraak meitsje kinne op in foarm fan stúdzjefinansiering. De regeling rint no al in oantal jierren, in reden foar ús om ynkoarten de saken ris op in rychje te setten. Mooglik dat der wat oanpassings nedich binne as gefolch fan maatregels dy't troch it Ryk nommen binne of noch nommen wurde sille wat de stúdzjefinansiering oangiet. Mar ek sille wy ris kritysk nei de risseltaten fan de eigen regeling sjen moatte. Moat dy bygelyks feromme wurde of moatte der just neiere betingsten steld wurde, sadat guon opliedings útsluten wurde? It is us bedoeling om dêr oer net al te lange tiid nochris op werom te kommen. Op dit stuit wolle wy us beheine ta it earderneamde beropskrift en stelle jim út it advys fan de kommisje berop- en beswierskriften oer te nimmen en it beropskrift ûngrûndearre te ferklearjen. Boargemaster en wethâlders fan Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld. B.G. Holtrop. 0038V 1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 77