GEMEENTE BOARNSTERHIM 25. Utstel om foar in part temjitte te kommen oan it fersyk fan de ferie- ning foar P.K.-Basisûnderwiis yn Warten om meiwurking op grûn fan kêst 74 W.B.U. foar de ferfanging fan (learlingesets). Oan de gemeenteried. Grou, 2 septimber 1988. Fan it bestjoer fan de feriening foar Protestants Kristlik Basisûnderwiis yn Warten is it fersyk ynkommen op grûn fan kêst 74 fan de Wet op it Basisûnderwiis om mei te wurkjen oan en finansjele middels beskikber te stellen foar ferfanging fan (learlingesets) fan de bysûndere basisskoalle "It Ljochtbeaken" yn Warten. De taffeltsjes en stuoltsjes binne 20 jier lyn oantúgd. Hja binne neffens de taljochting by it fersyk fan de feriening oan ferfanging ta. Dat wurdt ek nochris ûnderstreke troch de ôfdieling jongerein- sûnenssoarch fan de D.G.D. Noard Fryslân. Ferfanging is net allinne nedich om't it meubilêr te'n ein is, mar ek om't der ferskate sets binne dy't kwa ôfmjitting net mear passé. Boppedat is men yn Warten fan betinken dat der benammen foar de boppebou te min dif ferens jaas je is wat de grutte fan de learlingesets oanbelanget. En as léste punt wurdt noch oanfierd dat de kwalilteit fan de (plestik) stuoltsjes nei 20 jier sadanich is dat de feiligens fan de bern op it aljemint komt. Benammen dat leste is in wichtich argumint om nij oan te skaffen. Wy hawwe ündersykje litten yn hoefier ferfanging fan de learlingesets needsaaklik is. Derby is rekken halden mei de lingte fan de learlingen. Konklúzje fan it ûndersyk is, dat de tafels noch aardich goed binne, en dat it oantal tafels kwa hichte oanslute by it oantal dat nedich is, sadat ferfanging noch net needsaaklik is. Mei de stuoltsjes is it wat oars. Dy binne sadanich fersliten dat se yndied oan ferfanging ta binne. De stuoltsjes binne slop yn it bekling, om't de rek der nei 20 jier út is. De gemeente hat gjin geskikt materiaal oer, sadat nij oantúgd wurde moat. Op dit stuit binne der 28 learlingen. Der moat rekken halden wurde mei in lytse marzje, sadat 33 nije stuoltsjes oantúgd wurde moatte foar in bedrach fan sawat 4.000,de b.t.w. der yn beflapt. Wy stelle jimme ried út foar ferfanging fan taffeltsjes gjin meiwurking te ferlienen en gjin finansjele middels beskikber te stellen, omdat dit útgean soe boppe de normale easken oan it jaan fan ûnderwiis te stellen. Foar ferfanging fan stuoltsjes stelle wy foar de meiwurking wol te ferlienen en dêrfoar in bedrach fan 4.000,(ynklusief b.t.w.) beskikber te stellen. Foar de folsleinens merke wy noch op, dat in minderheid binnen ús kolleezje (wethouder k. Breeuwsma) fan betinken is, dat ek meiwurking jûn wurde moat oan it ferfangen fan de tafels. Boargemaster en wethâlders fan Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld. B.G. Holtrop. 0038V 22

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 84