GEMEENTE BOARNSTERHIM 27. Utstel ta it ninunen fan in ta- riedingsbeslút op grûn fan'e Wet Romtlike Oardering foar de út- wreiding fan de Carel van Roorda- skoalle yn Grou. Oan de gemeenteried. Grou, 2 septimber 1988. By de besluten fan 19 juny 1984, nûmer 39a en fan 17 juny 1986 nûmer 20 hat jimme ried besletten te ferklearjen dat in bestimmingsplan- (-wiziging)taret wurdt foar it perseel Carel van Roordaskoalle (mavo) oan'e Stationswei yn Grou. De tarieding fan it útwreidingsplan foar dy skoalle hat folie mear tiid frege as de jildichheidsdjoer fan in tariedingsbeslút op grûn fan kêst 21 fan'e Wet op'e Romtlike Oardering. Lyk as jimme witte rint dy óf ien jier nei de datum dêr't it beslút op nommen is. Takomme novimber lykwols sil it heve, dan sil - as har net mear tûkelteammen foardogge - mei de bou útein set wurde. Om't it hjir giet om it bouwen buten it bebouwingsflak sa't dat op'e bestimmings- plankaart oanjûn is, moat it bestimmingsplan op dat punt oanpast wurde. Wy dogge dêrom op'e nij it utstel in tariedingsbeslút te nimmen. Troch in "kêst-19-proseduere" kin dan foarút rûn wurde op'e planwiziging. De útfiering fan'e bou wurdt dan net ûnnedich ophâlden. Sjoen it boppesteande dogge wy jimme ried it útstel om foar it perseel dêr't it om giet, te ferklearjen dat in bestimmingsplan- (-wiziging) taret wurdt neffens it ûntwerp-beslút dat by de rieds- stikken op besjen leit en lykas op'e derby hearrende en merke tekening oanjûn is. Boargemaster en wethalder fan Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld. B.G. Holtrop. 0038V 15

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 87