-7- Hy is fan betinken dat sosjaal kulturele aktiviteiten perfoarst net falie meie ûnder it kommersjele taryf. Frou A. Ziilstra kin har yntinke dat de Krite Grou muoite hat mei de prizen. Oan'e oare kant fynt se it te begripen dat foar it brûken fan gymnastyksealen oars as foar sport en skoalle in oar taryf jilde moat. De krite hellet seis al oan dat it mar om in inkelde kear giet. Oare ferienings dy't ek wolris gebrûk meitsje fan de gymnastyk sealen moatte dan ek it kommersjele taryf betelje/ dus dan de krite, om gjin presidinten yn'e hân te wurkjen ek. De hear Van der Baan fynt it eins wol frjemd dat de fryske krite Grou it brief yn it hollânsk skreaun hat. Dat efkes fansiden. Hy is it mei de hear Bouma iens. As it yn oare plakken ek wolris bart, sa't frou Zijlstra oanhellet, dan tinkt sy derby wierskynlyk oan'e Jirnsumer kat en dat giet dan dochs wol om folslein oare aktiviteiten. Hy is fan betinken dat kulturele aktiviteiten net ûnder it kommersjele taryf falie moatte. Hy hat begrepen dat de Krite Grou ek seis noch wer de seal skjinmakket. Dêrneist wol hy it kolleezje ek noch yn it ûnthâld bringe dat de krite meiholpen hat Hotel Oostergoo wer op'e kluten te kommen, mei tal fan útfleringen der. Wethalder Bloem seit dat om de gemeentlike akkommodaasje mear kostendekkend te meitsjen de hierders dêrfan in hegere hier oplein is. It is krekt de bedoeling dat sosjaal kulturele aktiviteiten út'e wolwêzenspot subsidiearre wurde en net yn- direkt subsydzje krije troch in legere hierpriis. It kolleezje mient dat dizze aktiviteiten falie ûnder it kommersjele taryf. Arguminten as maatfiering ensafuorthinne binne net oan'e oarder, it giet om it aard fan de aktiviteit en wat is de posysje fan'e oanfreger. De arguminten a oantemei d binne dochs neamd om sjen te litten dat it net sa frjemd is dat hjir it kommersjele taryf jilde moat. De hear G. Bouma seit dat, sjoen de aktiviteit dy't oan'e oarder is, hy om de donder wol ferkrapte subsydzje jaan wol middels it netkommersjele taryf, om't dat in stik fan belied meitsjen is. It giet hjir om in tige unyke aktiviteit, dy't omwille fan de maatfiering net yn in oare seal past. Om'e wille fan it kulturele oanbod en krekt by de krite is dat sa'n ferskaat, soe no krekt net it kommersjele taryf jilde moatte. It skept ek gjin presedint om't it kwa aard en frekwinsje sa'n unyke aktiviteit oanbelanget. Mevrouw Aukes vindt dat het hier gaat om een sociaal culturele activiteit en als zodanig zou het beschouwd moeten worden en dat daar juist het niet-commerciële tarief voor in rekening gebracht moet worden. Frou A. Ziilstra seit dat de Krite Grou fan te foaren al wist hokfoar konsekwinsjes it hieren fan'e seal hawwe soe. Dy moatte se dan ek mar nimme. De hear Van der Baan kin der net by dat der gjin útsûndering makke wurdt yn dit gefal. It sil perfoarst gjin presedintwurking hawwe. Wethalder Bloem tinkt dat it net terjochte is te dwaan as wie dit sa unyk. 0039V 7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 9