-9-
17. Voorstel tot het vaststellen van de uitgaven van de stichting
Alfabetisering Midden-Friesland over de eerste zeven maanden van
1987.
Idem.
18. Voorstel tot het vaststellen van de uitgaven van de stichting
Basiseducatie over de laatste viif maanden van 1987.
Idem.
19. Voorstel tot het vaststellen van het programma Basiseducatie
1989.
Frou S. Ziilstra seit dat der ris oer in organisaasjefoarm foar
de takomst neitocht wurde moat. Sy freget oft dêr op net al te
lange termyn ideeën op tafel lein wurde kinne.
Frou Watzema fynt dit útstel. neist de drege punten dy't faak
oan'e oarder binne, hertferwaarmjend. It plan foar de
basisedukaasje berikt in hiel protte minsken en foar harren is
de ynhâld fan it plan fan grutte wearde en betsjutting.
Se sprekt fan wurderearring út foar de minsken dy't dit plan
fan'e grûn kriggen hawwe.
Wethâlder Bloem seit dat sy begrepen hat dat der oan in
organisaasjefoarm foar de takomst wurke wurdt. Se tinkt dat it
foarriedich Edukatief Berie ynkoarten mei in útstel komme sil.
Yntusken sil yn de tredde ôfdieling hjir ek noch wol oer praten
wurde.
De wurden fan frou Watzema binne tige op syn plak. Sy wol dy dan
ek graach oerbringe.
Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het
voorstel besloten.
20. Voorstel om geen structurele middelen voor instrumentenacties
van muziekkorpsen beschikbaar te stellen.
Frou A. Ziilstra docht it útstel dit punt oan te halden. Har
fraksje fynt fat it útstel better besjoen wurde kin yn it ramt
fan it hiele barren rûn it musykûnderwiis
Dit punt soe dan ek by de begruttingsbehanneling besjoen wurde
kinne
Frou Watzema is it hjir mei iens.
Op kultureel mêd litte we de leste tiid noch alris in fear falie
en as we dit paad gean bliuwe hâlde we in keale hin oer.
It wol as net beskikber stellen fan strukturele middels foar
musykynstrumenten is in ôfwaging yn prioriteit. Har fraksje
tinkt dat dy ôfwaging yn alle rest nommen wurde moat.
De hear Van der Baan seit dat hy fynt dat yn in doarp in
musykkorps heart en dat net op boekhâldkundige grûnen besletten
wurde moat oft dit útstel wol as net útfierd wurde sil.
0041V 9