-3- Yn ferbân mei it boppesteande hawwe wy likegoed by it ministearje fan ûnderwiis en wittenskippen as by de Feriening fan Nederlanske Gemeenten der op oantrune om te befoarderjen dat in ôfsûnderlike komponint "gymnastykferfierskosten" opnommen wurdt yn de Londo-fergoeding "materiële ynstânhâlding" Us is tasein dat dat oan'e oarder steld wurde sil yn'e advyskotranis je Londo Omdat wy fan miening binne, dat yn it ramt fan it nije bekostigings stelsel W.B.U. it net op'e wei fan de gemeente leit de kosten fan it gymnastykferfier te fergoedzjen, mar dat dy kosten yn it foarste plak betelle wurde moatte ut'e ryksfergoeding "materiële ynstânhâlding"stelle wy jimme - ek mei it each op de finânsjele posysje fan de gemeente út it beswierskrift ûngrûndearre te ferklearjen en oanbelangjende fergoeding yngeande 1 jannewaris 1989 te beeindigjen. Boargemaster en wethâlders fan Boarnsterhim, de loko-siktaris, de boargemaster, H. van der Horst. B.G. Holtrop. 0041V 45

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 36