-2- Nr. 24. De hear Van der Baan fynt dat dizse saak, foar safiet it de grienstreek oanbelanget wol goed ôfhannele is. Hy tinkt dat de hear Kleinhuis net sa gelokkich is mei de sitewaasje fierderop by syn hûs en dat hy freget om in petear oer in befredigjende oplossing. It soe goed wêze dat der nochris praten wurdt mei de hear Kleinhuis en de plantsoenetsjinst. De voorzitter zegt dat als de heer Kleinhuis die vraag gesteld heeft dat ook zeker zal gebeuren. Hij zal dat na laten gaan. Vervolgens worden de ingekomen stukken, voor zover niet anders aangegeven, voor kennisgeving aangenomen. 4. Mededelingen voor de vergadering van 13 september 1988. Nr. 4. De hier genoemde verkoop gaat om financiële redenen niet door. Nr. 11. De hear G. Bouma seit dat hy yn novimber fan it foarige jier al der op wezen hat dat der best wetter oan partikulieren ferkocht wurde kin mar dan wol sadanich dat iepenbiere wâl foar eltsenien tagonklik bliuwt. De foarsitter en de wethalder hawwe doe sein dat se mei de oanbelangjende prate soenen om in net winske sitewaasje yn it foar te kommen. Ta syn ferbjustering lest hy no dat no formeel regele wurdt dêr't de rie op tsjin wie. Hy wol der op wize dat it dan aanst in kêld keunstje wêze sil om'e stegers te ferlengjen. Wethalder Breeuwsma seit dat it ferline jier oer in folie yngripender oerdracht gong. It giet hjir om in lang sleepjende kwestje dêr't no ris in ein oan komme moat. Der is dan ek in kompromis socht om der út te kommen. It ferlengjen fan't stegers dêr't Bouma oer praat, is in boufergunning foar nerich. De voorzitter zegt dat de heer Bouma gelijk heeft met zijn stelling dat een openbare wal ten allen tijde toegankelijk moet blijven. Het gaat er nu niet zozeer om dat de zijde waar de beide steigers op zijn aangebracht eigendom is van hotel Oostergoo maar om de vraag hoe de verhuur van het water rondom de steigers is geregeld. Er is nu besloten om de hoek Nieuwe Kade/hotel Oostergoo door midden te delen zodat er aan beide kanten van de steiger nog een boot kan liggen evenals aan de Nieuwe Kade. De hear GBouma seit dat it him giet om de gefolgen dy't de ferkeap fan it wetter hawwe kin yn'e takomst. De steger lei der ferline jier novimber ek al. Trochdat die steger yn in ferkearde hoek leit is de iepenbiere wâl net altiten mear tagonklik. It giet him der om dat dy sitewaasje mei dizze ferkeap legalisearre wurdt en dat de tagonklikheid, as aanst bygelyks de steger ferlengd wurde soe, bytsje by bytsje fierder êfbrutsen wurdt. 0041V 2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 5