-6- Hy hat tegearre mei de hear Postma fan it RIMK ek noch mei de hear Van der Krieke praten en se binne yn goede harmony útelkoar gongen. Hy fynt it dêrom wol spitich dat der sa'n brief fan Van der Krieke komt. De hear Weidenaar hat in bouplicht om binnen it jier te bouwen. De hear Weidenaar hat no al in brief skreaun om ûntheffing te krijen om't hy syn eigen bedriuw noch net ferkocht hat. Hy is der wol mei dwaande. Dat is itselde as der no mei Fennema, Akkrum oan'e hén is. Der moat wol goed op past wurde dat der aanst at it bedriuw ferkocht is wat bard. De keaper hat de plicht foaroan de dyk in grienstreek fan 4 meter te meitsjen. Dy mei dan net heger wêze as 1 meter, sa is dat yn it bestimmingsplan fêstlein. Yn it ramt fan de doarpsfernijing binne der dus yn elts gefal, al twa petearen mei Van der Krieke west sa as hy al earder oanjûn hat. It is bekend dat as de sportfjilden goed ûnderhêlden wurde dat der dan al hiel wat jild oan bestege wurdt. Alhoewolt it wol hiel aardich wêze soe moat der mar gjin parkearterrein mear oanlein wurde. Der sil fansels wol socht wurde nei in oplossing sadat it garaazjebedriuw nochris út it doarpsfernijingsgebiet wei kin. Jo moatte fansels net al op foarhân tinke dat der no neat mear mooglik wêze soe. As de hear Van der Krieke plannen hat dy't planologysk útfierber binne is it kolleezje altyd ré dêr positief yn mei te tinken. Hy fielt der neat foar it útstel oan te hélden. De hear Bethlehem kin wol út'e fuotten mei it antwurdt fan de wethêlder. Hy hat allinne yn earste ynstansje bedoeld dat it op it terrein gjin grutte troep wurde moat. Hy ferwachtet dat der wolris nije gebouwen komme sille. It is mar krekt hoe't jo tsjin it parkearterrein by de sportfjilden oansjogge. It parkearterrein soe ek út'e doarpsfernijingspot betelle wurde kinne. Mevrouw Aukes zegt dat haar vraag eigenlijk was waarom belanghebbenden zoals de dorpsvernieuwingscommissie niet in een eerder stadium in deze transactie en alles wat daarmee te maken heeft, is gekend dat was wel eleganter geweest. Van der Krieke's brief was dan wellicht ook overbodig geweest. Zij blijft erbij dat het voorstel aangehouden moet worden om met de belanghebbenden de zaak nog eens van alle kanten te belichten. De hear Van der Baan freget oant wannear de hear Weidenaar dan in ûntheffing om te bouwen krijt. Mei dizze transaksje wurdt neffens him wol in stikje doarpsfernijing opkeard. Wethêlder Breeuwsma seit dat der ek nei dizze ferkeap noch wol grûn yn foarrie is op it industrieterrein. Hy tinkt dat in parkearterrein by it sportfjild net út de doarpsfernijingspot betelle wurde moat. Dêrfoar binne de doarpsfernijingsjilden net. As de hear Van der Krieke syn bedriuw ferpleatse wol is de gemeente bereid dêroan mei te wurkjen. Dat betsjut net dat alles mar nei eigen ynsjoch ynfold wurde kin, der kin in kink yn'e kabel komme, sa as no wol bliken docht. Der leine al opsjes op it terrein sadat oerlis mei de doarpsfernijingskommisje net sa'n sin mear hie. De rie moat sizze wat der barre moat yn dit stik fan saken. Hy fielt der dan ek neat foar de saak oan te hélden omt der neat feroarje sil. 0041V 6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 9