-9- De walkanten yn Aldeboarn binne nei foaren skood tafallich omt fan provinsjale side soksoarte wurken subsidiearre wurde. De bydrage fan'e provinsje wurdt pas skriftlik tasein neidat de rie jûn it útstel fan it kolleezje oernimt. It soe hiel moai wêze as de brêge yn Terherne sa wurde koe as de hear Van der Baan him dat yntinkt, mar it jild is der spitichernêch net foar. We moatte it beste der mar úthelje en lokkich kin der noch romte makke wurde foar in aparte streek foar fuotgongers. Oan'e riolearing yn Jirnsum moat no wol aandacht bestege wurde omt de "verfijningsregeling" takom jier ferfalt. Hy tinkt dat de riolearing hjir wol by de doarpsfernijing heart yn dy sin dat doe't foar in oar part fan Jirnsum in jier as trije lyn de provinsje jild út'e knyppuntenpot doarpsfernijing útkeard hat foar de riolearring dat dus as doarpsfernijing besjoen waard. It kolleezje is best ree de 170.000,bestimmingsreserve te parkearen, Jirnsum moat dochs op'e kop en dan kin dat jild brûkt wurde foar it opkreazjen fan it doarp. Wat it Halbertsmaplein oanbelanget is it yndied sa dat it al in pear jier opskood is. As it útstel jûn oannommen wurdt sil der hiel hastich mei in plan oan'e gong gien wurde. De hear Nieuwdam seit dat der kleardernôch nochal rojaal rûze wurdt. Hy freget oft it mooglik is in list te meitsjen fan projekten dy't passé yn it ramt fan'e doarpsfenijing sadat der wat sicht op komt wat der bygelyks oer tweintich jier barre moat. Hy bringt it brief fan de provinsje te binnen dêr't yn skreaun wurdt dat we de jilden foar'e doarpsfernijing goed brûke moatte en dat de provinsje der op rekkent dat der foar guon ynvestearings ek reservearre wurdt omt it ek te krijen hat mei achterstallich as gewoan ûnderhâld. Syn fraksje bliuwt fan betinken dat de bestimmingsreserve foar Jirnsum net yn'e doarpsfernijingspot stoarten wurde moat. De hear Van der Baan freget hoe hastich der mei in plan foar it Halbertsmaplein begûn wurde sil. Is dat yn elts gefal yn'e earste helte fan 1989. Wethêlder Breeuwsma seit dat it mooglik noch earder wêze sil. De hear Van der Baan freget oft de wethâlder ree is oan'e brêge fan Terherne prioriteit te jaan. As it útstel oannommen wurdt hat hy beswier tsjin de wize dêr't mei reserves omgien wurdt. Wethêlder Breeuwsma seit dat der in list fan projekten foar de doarpsferni jing is. Der wurdt wolris wat yn prikt om as der bygelyks jild fan de provinsje komt in oar projekt as boppe oan stiet oan te pakken. It is ferskriklik dreech om krekt oan te jaan oft dat achterstallich ûnderhâld is as doarpsfernijing. It jild foar Jirnsum wurdt parkeart en it kolleezje sil as it brûkt wurde moat earst mei it útstel yn'e rie komme. Der sil tige hoeden mei omgien wurde. De riolearing lykwols moat der komme. Hy hopet dat der ynkoarten dúdlikheid komme kin oer it hiele barren. 0050V 9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 15