- 11 - Mar it nimt net wei dat it ús oanfiterje moat om mooglikheden dy't soms samar yn berik binne, om dy mei beide hannen oan te gripen. As dit dan net bart, lykas by de ferkeap fan it Gasbedriuw oan FRIGEM, steane wy fersteld en sette fraachtekens by it missen fan sa'n kâns. Wy wolle net te folie seure, mar dit sit ús noch al heech. Dat it grûnbedriuw op dizze wize sûn te krijen is, binne wy fan- seis wol wiis mei. Om 1% ûnreplyk-guodbelêsting der by te dwaan, fine wy jammer. Ek omdat dit sa steld wurdt dat dit foar it musykûnderwiis is, fine wy net terjochte. Der is in gat, dat moat opfolle wurde, der giet it om. Neffens ús is dit net de iennichste needklep dy't om opfolling freget. By dit ûnderdiel soene jo ek oare mooglikheden op dit sosiale en kulturele mêd besjen moatte, lykas it funksjonearjen fan de wurkpleats fan it projekt M.S.W. Sjoen de ûntwikkeling op de arbeidsmerk en de ferslagen fan langduorjende- en jongere wurkleazen, soe it wol ris sa wêze kinne, dat saken der't men 5 jier lyn fan tocht dit is de oplos sing, men no seit troch de ervaring dat it sa net moat. Us fraksje is fan miening dat it regerings- (of ús oerheid) belied fan de leste 6 jier seker bydroegen hat ta in sterkere ekonomyske tastân fan ús lân, ten opsichte fan oare lannen. Der moat wis wier noch folie barre om de stelde doelen te be- rikken. Wy moatte as fraksje wol tajaan dat plattelânsgemeenten sa as úzes, mei syn aparte lizzing en eigenaardigheden te min omtinken krije. Dat de Rykswei 32 ferdûbele wurd is foar ús gemeente in geun- stich barren. Hoewol wy it wol wat frjemd fûnen dat de bydrage fan de provinsje sa grut wêze moast om dit te berikken. Us fraksje wol jo kolleezje dan by dizzen ek tige oantrúnje om dat diel fan de Rykswei fanôf it Pr. Margrietkanaal oan't de súdlike grins fan de gemeente ta en dan bynammen Akkrum, sawol de oanslútingen fan op- en ôfdiken, mar ek de trochfeart fan de "Boarn", om der it measte en it beste foar ús út te hel jen. Sterkte tawinske. Fierders wat it kolleezjeprogramma oangiet, moatte wy dochs ûnderskriuwe dat ûndanks de swierrichheden yn dizze tiid toch inkele ferbetteringen har oantsjinje, lykas: 1. sûnmeitsje fan it grûnbedriuw; 2. nota "Vrede en Veiligheid". 3. it ridlik trochgean fan it sanearjen fan de grûn yn it ramt fan it miljeubelied. Wat de wurkgelegenheid oangiet, wat er by it kolleezje nochal heech oanskreaun stiet, hawwe ek wy ús grutte soargen oer. Sjoen it ynkoarten fan it personiel by de Frico en de C.C. FRYSLAN, dit komt ek op ús gemeente oer as in swiere lest ek mei omdat ús gemeente sa tige "agrarisk" is. De reorganisaasje fan it amtlik apparaat blykt, no't it grutste diel efter de rêch is, hat dochs noch wol inkele swierrichheden op- levere. Wy winskje jo kolleezje in protte wiisheid ta, omdat it hjir om minsken giet, om foar dit soarte fan saken ek in goede oplossing te finen, foar de minsken dy't dit oangiet. 0052V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 13