- 12 - Foar it kommende jier 1989 hoopje wy dat inkele saken, wêr al safolle oer praten is, einliks harren beslach krije sille, lykas: 1. it fytspaad fan Jirnsum nei Grou; 2. de oplossing fan it ferkearsprobleem by Jirnsum, mei de dêr- oan ferbûne riolearring; 3. de brêge fan Terherne, dy't needsaaklik ferbettere wurde moat. De oplossing foar de brêge is hast run, hoewol it net de brêge is dy't Terherne graach hawwe woe, dy't, tinke wy, al tasein wie. It is yn gjin gefal aardich om in nije belêsting yn te fieren, mar as wy tinke oan de tastân fan de riolearringen, dan sille wy der net oan ûntkomme, om op basis fan it oanslach rioalbelêsting de finansierring op gong te bringen, om sa it ûnderhâld en it net-diene ûnderhâld om dêr mei te begjinnen. As dit net bart komme wy yn'e takomst foar kosten te stean dy't net te oersjen binne. Foarsitter, hjir wol ik it earst by litte. Wy hoopje dat dizze skôging in lytse bydrage wêze mei fan it te fieren belied foar 1989 foar de gemeente Boarnsterhim. Wy winksje jo mei jo kolleezje in protte wiisheid en sterkte ta! De hear Van der Baan seit it folgjende: Foarsitter, De begrutting 1989 leit no foar ús. Neffens jim eigen wurden is de aktualiteitswearde fan dizze begrutting minder grut en soene de feitlike útspraken oer it belied ferskood wurde moatte nei de maitiid fan it kommende jier. Soks makket in besprek en diskusje oer de begrutting der net ienfâldiger op. Om dy reden bin ik der wat mei oan want dy útspraak relativear- ret by foarrie elke diskusje oer dy begutting. Binne algemiene skôgings dan eins wol op syn plak? Ik ha myn twivels, mar mûlk kin it kolleezje har eigen fysje dêroer yn'e beandering wat fer- dúdlikje. Wy komme der net foar wei om by de skôgings oer 1989 de begrut ting fan 1988 en wat dêroer sein wurdt troch D.S. te beheljen. Hja hawwe dy begrutting goedkard mar hawwe nei eigen sizzen grutte twivels oft de begrutting yndied slút. D.S. sitte dêrmei op itselde spoar as de F.N.P.-fraksje dy't har net fine koe yn de maitiidsnota en dêrom tsjin stimde. Wy krije no op net mislike wize te ferstean dat D.S. de begrut ting fan 1989 net goedkart as de wizigings yn'e nije begrutting net omset wurde yn werklike besunigings. Dêr kinne wy dit foar- earst mar mei dwaan. Fan de nije begrutting wurdt troch jim sein dat dy in realistysk byld jout fan de finânsjele posysje. Foarsitter, ik bin sa frij om dêr oan te twifeljen. Ik sil dat taljochtsje. It ferline hat oan't no ta útwiisd dat jierrekkens en begrut- tings net oerienkamen en dan sis ik it wat hoeden. Ek is der jild útjûn oan saken dy't net oan de rie bekend wiene. Fragen dêroer binne net folslein beandere en de fraach bliuwt noch altyd wêr it jild weikaam foar it laadperron en hoe heech de kosten yndied wiene. 0052V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 14