- 15 - De lytsere boeren en de natuerboeren, dy't fanwegen harren soarch om it miljeu minder dong en dêrmei minder bisten op harren bedriuwen hiene, binne troch de molkekwotearring yn de knipe rekke. Earder woene hja frijwillich mei minder ynkommen folstean om de natuer te sparje. Troch de maatregels dy't Braks naam hat binne dy boeren likefolle koarten yn harren kwotum as de yntensivere boerebedriuwen. Dat betsjut dat hja ferdwine sille as der gjin ferheging fan harren kwotum en dêrmei fan harren ynkommen komt. Wy komme dêr meikoarten op werom. Oangeande it Frysk moatte wy openij konstatearje dat der gjin skot yn komt om no de saak no ris fiks oan te pakken en mei faasje it belied datoangeande wier te meitsjen. Opfallend is dat der yn de oanbiedingsbrief datoangeande mei gjin wurd rept wurdt oer it Frysk. It soe no heve yn de hjerst, mar de bieden binne al wer fan de beammen en de hjerstkleuren ferdwûn. De winter stiet der oan te kommen. Hoe lang noch sil it Frysk yn de iis- kâlde kjeld fan de winter stean bliuwe? Oant no ta is alles yn wurden sein, mar foarsitter, lykas it sprekwurd seit: It is mei sizzen net te dwaan Op it mêd fan de wolwêzenplannen wachtsje wy of hoe't it ien en oar stal krije sil yn in ienfaldige regel jouwing. It liket ús skoan ta om de saak net yngewikkelder te meitsjen dan it faaks al is. Ek it jeugd- en jongereinwurk sil noch neier besjoen wurde. De útstellen dêroer wachtsje wy mei belangstelling of, lykas by it âldereinwurk. De beliedsfisy oangeande de sport sil yn'e maitiid troch jim útbrocht wurde. In goede saak omdat dêrmei de ferienings witte hoe't hja nei de takomst ta wurkje moatte. As ôfsluting noch it folgjende. Yn't foarste plak soene wy wolle dat der in dúdliker omtinken jûn wurdt oan in grutte groep yn ús fermidden. Dat binne de handikapten. Earder joegen jim as kolleezje oan dat der gjin kommisje op dat terrein wurksum wêze hoegde. Wy konstatearje no dat dy groep, neffens sifers sa likernoch 20% fan it totaal, gjin ekstra oan- dacht kriget en dat spesifike fragen fan dy groepen net troch- komme by de bestjoerdersDêr om geane wy yn de pleit foar in spesjale kommisje fan handikapten en mei koarten kinne jim fan ús útstellen dêroer ferwachtsje. De gefolgen fan de gaswinning yn ús gebiet binne helte grutter as ferwachte wie. Wy ferwachtsje dat it kolleezje mei klam by oaljemaatskappijen en regear oantrune sille om ûndersyk te dwaan nei de fierdere gefolgen fan dy winning. Op dit stuit skatte wy yn dat as gefolch fan de boaiembeweging in folslein oare bou tapast wurde moat yn it gaswingebiet. Skea oan besteande bebouwing is net foar te kommen mar de konse- kwinsjes foar de nijbou sil earst fêststean moatte eart der fierder boud wurdt yn dat gebiet. Ien en oar jout ús de indruk dat der yn it kommende jier hannen- fol wurk te dwaan is. Mei it kolleezje hoopje ek wy dêrta in bydrage te leverjen. De voorzitter schorst om 10.30 uur de vergadering zodat het college zich kan beraden op een reactie. 0052V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 17