- 25 - Fraach 27.3. De hear G. Bounta fynt dat it antwurd op dizze fraach wat te dúdlik en te abrupt steld is. Hy seit dat it kolleezje by de algemiene skôgings wol wat mear nuansearre hjiroer praten hat. As der op basis fan dit antwurd botwei nee sein wurdt op in oanfraach soe dat de gemeente wolris skeine kinne, net allinne yn it jildpûdsje mar ek yn in doelstelling, dy't miskien op in oar mêd wol de stipe fan'e gemeente hawwe kin. Hy wol de ôfwaging hjiroer fia de ôfdieling yn'e rie oan'e oarder stelle. De voorzitter denkt dat de toon uit het antwoord is dat de gemeente zich terughoudend opstelt bij het voortrekken van bepaalde ontwikkelingen. Nu ligt dat meer op de weg van het particulier initiatief en daarvan kan niet los gezien worden dat de ondernemer risico's loopt. Deze beleidslijn heeft niet betrekking op al lopende gemeentegaranties. Bij eventueel toekomstig zal de raad de afweging moeten maken of die garantie nog verleend wordt of niet. De gemeente zal terughoudend moeten zijn in gevallen waar anders alles om zeep zou worden geholpen en de gemeente moet terug houdend zijn om tegen het voordeel van 0,2% rente allerlei risico's in huis te halen. De hear G. Bouma seit dat út'e beslutelist fan it kolleezje al bliken docht dat der in bepaald belied folge wurdt sûnder dat der eksplisiet oer diskussiearre is. Hy wol dat dy diskusje noch fierd wurdt. De voorzitter zegt dit toe. Fraach 27. De hear GBouma wol te foaren komme dat der krekt as in jier lyn it gefal wie, in wiidweidige diskusje komt oer de rekreative ûntjouwings rûnom Grou. It belang dat hjir mei anneks is wurdt troch eltsenien ûnderkind, it giet der allinne om hokker wei folge wurdt om dy belangen sa goed mooglik te behertigjen. Hy komt dêrom mei it foarstel om de gong fan saken sa't it no rint stop te setten. De gemeente soe dan earst de doelstellingen en betingsten fêst stelle moatte. It liket no krekt oft der mei de achterein begûn is. Der wurde wol plannen besprutsen mar der is net in ynhêldlik ramt dêr't se oan toetst wurde kinne. As der oerienstimming is oer doelstellingen en râne-betingsten mei alle groeperingen dêr't no ek al mei oerlein wurdt dan kin de tried wer oppakt wurde as der kin in oare start makke wurde. De voorzitter heeft hier op zich geen problemen mee. Er zijn echter wel twee nadelen aan verbonden. Ten eerste dat er dingen verwacht worden die er niet uit zullen komen. Ten tweede dat het begeleiden van dat proces geld zal gaan kosten. Wethêlder Breeuwsma wol dochs wat konkreter hearre wat de hear Bouma bedoeld. Wat is de achtergrûn fan syn gedachten. De hear Van der Baan tinkt dat de hear Bouma wol dat der in analyse makke wurdt fan'e sterke en swakke punten fan Grou en dat de hjoeddeiske sitewaasje eartris goed besjoen wurdt en dan kin it belied foar de takomst makke wurdt. 0052V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 27