- 5 - Dizze ferkeap is foar Terherne it best mooglike. Efterôf docht no bliken dat de wize fan útfiering net alhiel sûnder wryt of slyt ferrûn is. Mar de gemeente har hjir mar sidelings relaasje mei, it is yn it foarste plak in saak fan stichtingsbestjoer en keaper. Hy trúnt der tige op oan dat it stichtingsbest joer yn it fierdere ferrin hiel soarchfâldich te wurk gean sil. It oan- foljende útstel kin hy mei ynstimme. It jout in bytsje mear romte de saak oangeande de grûn ûnder it Paviljoen of te meitsjen. It is tige spitich dat der in ferlies fan 3% ton is. Syn fraksje kin ynstimme mei de dekking út de reserve fan it gasbedriuw. Hy winsket de keaper in soad sukses by de útfiering fan syn plannen. De hear Volberda seit dat syn fraksje akkoart giet mei it út- stel. In ferlies fan 3% ton is wol begrutlik jild. Hy hopet dat Postma yn'e takomst gelok hawwe mei yn Terherne. De hear Van der Baan seit dat yn it ferline yn Terherne in soad wurk troch de ynwenners fersetten is om it doarp op rekreatyf mêd ta ûntjouwing te bringen. Hy soe tekoart sjitte as hy dat net efkes oanhelle. Terherne libbe yn dy tiid as in hert en doe hawwe tûzenen minsken as toerist Terherne kennen leard en wur- dearre. Gearwurking tusken gemeentebestjoerders en V.V.V., wie hiel gewoan. Der binne doe allegear saken opset, dy't no wol fraachtekens oproppe mar doe hiel goed wiene. Letter kaam de Stichting Wetterrekreaasje dy't syn garânsjes fan'e gemeente krige. In mistaast, de oanlis fan Jongebuorren, hat der ta laadt dat it de ferkearde kant útgie. No kinne we bliid wêze mei de Terhernster dat troch dizze fer keap in basis lein is foar in nije ûntjouwing. De ferkeap fan'e rekreaasjeterreinen wie in earste betingst om it betrouwen yn'e takomstige mooglikheden werom te finen. Hy hat genôch betrouwen yn de nije ûndernimmer om de kansen dy't hy sjocht te realisearjen. Hy ferwachtet dat eltsenien mei de gemeente en de nije ûnder- nimmer yn goede harmony gearwurkje sil. Hy stiet der op dat de ôfwikkeling fan'e saak mei de eardere wurknimmers soarchfâldich barre sil. It bliuwt spitich dat we in part fan'e gasreserves no ynleverje moatte mar hy stipet dochs it útstel. De konsekwinsjes oangeande it swimmen sille noch wol op ús ta- komme. Al mei al is hy tige bliid mei dizze ûntjouwing yn Terherne. Wethâlder Breeuwsma is bliid dat de rie yn grutte halen achter it útstel stiet. Hy fynt dat frou Aukes yn guon fan har opmer- kings wol hiel suggestief wie. Yn it oanfolgjende stik moat net stean: "Deze verkoop" mar "De juridische levering". It is tige wichtich dat de belangen fan it personiel goed beher- tige wurde. De measte personielsleden wiene al by de stichting wei. De nije keaper, sa hat hy begrepen, hat seis foldwaande minsken yn hûs. Wy kinne oars net as de twa oerbleaune perso nielsleden, dy't no yn'e ûnderbrekking sitte, by de nije ûnder- nimmer oanrikkemandearje. Dêr sil oandacht oan bestege wurde. We meie hiel bliid wêze mei dizze ferkeap. Want sil Terherne in rekreaasjedoarp bliuwe dan binne grutte ynvestearrings as dizze perfoarst nedich. 0053V 19

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 44