- 8 - Wethâlder Bloem seit dat it hiel dreech west wie om de saak werom te draaien as op alle skoallen de £akatuere al hinget. De sollisitaasjekommisje hat úteinlik sein, se hiene wol muoite mei it gemeentlik belied, dat de folgjende stap wêze moast it beoardielen fan'e sollisitaasjebrieven oan'e hân fan'e profyl- skets. De hiele kommisje wie bysûnder te sprekken oer nûmer 1 en fûn dat sy in goede kandidaat wie. De voorzitter zegt dat het college het punt thans in behande ling wil nemen. De fractie van de V.V.D. verlangt stemming over haar amendement het voorstel nu niet te behandelen. Na gehouden stemming blijkt dit amendement met 11 tegen 6 stem men te zijn verworpen. Vóór gestemd hebben de leden Aukes, S. Bouma, Dotinga, Santema, Volberda en Watzema. Dan wordt tot behandeling overgegaan. Frou S. Ziilstra seit dat har fraksje by dizze beneaming útgiet fan it gemeentlik belied sa as dat no jildt. Dat betsjut earst in ynterne sollisitaasje. Yn'e tredde ôfdieling is útlis jûn en se hat heard dat der fanút de sollisitaas jekommis je in ien- ridige foardracht wie mei stipe fan'e M.R. en de ynspekteur. Har fraksje kin it útstel stypje om frou J. Koot-de Vries te beneamen as direkteur fan "It Raederhiem" te Raerd. De opstelling fan it C.D.A. yn dizzen fernuvert har wol bot. Se hawwe yn'e tredde ôfdieling der by sitten en alle argumenten heard en no stypje se it amindemint fan'e V.V.D. Se freget met klam omtinken foar de diskusje om te sjen op hokker wize it beneamingsbeleid ûnderwiizjend personiel fierd wurde moat. De hear Dotinaa seit dat yn'e ôfdieling it krekt like as run it as it spoar. Dêrnei kaam lykwols it lijen, allegear brieven. De hiele gong fan saken benaud him no sa dat hy ek wol dat alles nochris rêstich besjoen wurdt. Werom moat it allegear sa flug? Dat der mar ien kandidaat oerbleaun is, is hy ek net gelokkich mei. De hear Van der Baan seit dat hy grutte muoite hat mei it ta stân kommen fan dize foardracht. De beswieren fan syn fraksje binne bekind. Ynterne sollisitaasje laadt net ta trochstreaming en it befruchtsjen fan skoallen mei nije ideeën mar earder ta ferearming. Omt de diskusje oer it belied min te fieren wie neidat de foar dracht al makke wie en omdat de M.R. unanym achter de foar dracht stiet hat hy ynstimd mei de foardracht. Dat efterôf bliken dien hat dat de ynformaasje net alhiel krekt wie en hy syn oardiel dus op ferkearde grûnen basearje moast die him besluten de saak nochris te hifkjen. Mar omt it beslút ta beneaming net feroarje sil as hy him der tsjin ferklearje soe wol hy it wol trochgean litte. Hy docht it lykwols ûnder pro test en met hanthavening fan syn beswieren. Wethalder Bloem tinkt dat se genôch dúdlik makke hat op hokfoar wize him alles ôfspile hat. De selekjekommisje stiet folslein achter dizze kandidatuer lykas ek it kolleezje. Dan wordt tot stemming overgegaan. Het stembureau bestaat weer uit de leden J. van der Baan, S. Bouma en A. Nieuwdam. Na gehouden stemming maakt de heer Nieuwdam de uitslag bekend. 0053V 22

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 47