- 10 - Yntusken is der yn it útstel sprake fan in neiere útwurking sjoen de differinsjaasje dy't begjint by 500 m3 wetter. Nei syn betinken sil mei de útwurking fan de dif ferins jaas je de totale ynkomsten ek stige. Ek al is it marginaal syn fraksje wol dat ynsjoch hawwe, sadat miskien de 125,omleech kin. Hy wol it balde op it sluten finansieringssysteem en der is yn'e ôfdieling ek foar pleite. Der moat jierliks ynsjoch jûn wurde yn wat de opbringsten binne en wat de útjeften. In suggestje is dat jierliks by it bekriuwingsbrief eksplisyt oan'e oarder te stellen. Under de tarieding fan dit stik hat bliken dien dat de 35.000.000,dêr't de 770.000,ynkomsten op basearre is, nochal oan groei bleatsteld is. Syn fraksje hat al yn'e ofdieling steld dat sy akkoart giet meit it sluten finansieringssysteem op grûn fan 35.000.000, It mearbedrach dat yn'e begliedende brief ferdúdlike wurdt, feroaret neat oan dat stânpunt. It plan fan oanpak moat oanpast wurde oan'e 35.000.000,Eventuele útwreiding op pragma- tyske grûnen wol hy net stypje omt dat besjutte soe dat it de ynwenners mear kostje soe as 125, Addisjonele middels moatte op'e normale wei in dekking fine en dan pas kin it kredyt ferliend wurde. Ta beslút, yn in koart skofke tiid, en dat is in kompliment oan it amtlik aparaat, binne we der yn slagge in goed ûnderboude, rjochtfeardige heffing op te setten. De hear SBouma seit dat de feitlike omstannichheden der ta twinge om in rioalheffing op priemmen te setten. De minne ûnderhâldstastân is neffens him ûntstien trochdat de gemeente der deagewoan neat oan dien hat. Syn fraksje hat der wolris op oantrune dêrfoar jild te reservearjen mar dat is nea bard. Mar syn fraksje wol de eagen net ticht hâ 1de foar de gefolgen dy't de minne rioalearings hawwe foar under oare it miljeu. It is allinne spitich dat der middels in rioalheffing jild op't kleed komme moat, mar der is gjin alternatyf. Foar in protte minsken, benammen de minima is 125,in hiel bedrach. Hy trúnt der opoan dat it kolleezje mei koarten maatregels nimt om it oansluten fan caravans en wenboaten ensafuorthinne op it rioalnet te realisearjen. Syn fraksje wol fêsthalde oan de 35.000.000,sa't dy ynearsten presintearre is en dêrmei oan'e 125,de oansluting. De hear Volberda slút him oan by de wurden fan'e hear Bouma. We binne yn in sitewaasje belâne dat der wat barre moat. 125, is in hiel bedrach foar de gewoane man en der moat net te licht oer tocht wurde en der mei ek net te licht mei omsprongen wurde. It gefoel dat dat soms wol maklik giet bekrûpt him no ek wol in bytsje. Der is mei 35.000.000,útein setten en dêrfanút is in sluten finansieringssysteem makke. No al docht bliken dat dat eins 50.000.000,wêze moast. Syn fraksje wol allinne akkoart gean mei 125,de oansluting basearre op 35.000.000, De hear Van der Baan seit dat der yn ús gemeente tal fan minsken libje dy't de earmoedsaaiers fan dizze tiid neamd wurde moatte. 0053V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 49