- 13 - De kosekwinsjes dy't dêrút fuortkomme wurde stipe en dêrfan fynt syn fraksje dat de lest noch drûgen wurde kin. It brief fan it kolleezje makket dan dúdlik dat dy 35.000.000,best wolris 50.000.000,wurde kin. De ynhâld fan it brief feroaret lykwols neat oan it stânpunt fan syn fraksje dat sy akkoart giet mei de opset basearre op 35.000.000, Ut noch yn wol syn fraksje net dat mei it plan fan oanpak sa as yn it stik stiet en yn it brief ferdúdlike wurdt akkoart gien wurdt sûnder dat der oer de addisjonele middels dúdlikheid bestiet. It spyt him dat it útstel net yn dy sin oanpast is. Dat it kolleezje taseit de ynkomsten út'e heffing oan'e bedriuwen neier te beskôgjen en dat dat miskien lade kin ta in ferleging fan'e 125,stiet him tige oan. De hear SBouma seit dat altiten mar in part fan'e rie, de helte plus ien, de begrutting goed hoecht te karren. Hy fynt dat de rie(den) it yn it ferline lizze litten hawwe en dêr wol hy inkeld op wize sadat de rie dêr foar de takomst syn foardiel mei dwaan kin. De hear Volberda tinkt dat it kostenbesparjend wurkje sil as der ynsté fan yn 5 plakken in bytsje yn 2 doarpen wat mear dien wurdt. De hear Van der Baan seit dat de ynterpretaas je fan'e foarsitter op ien punt net krekt wie. Hy hat net bedoeld by de berekkenings foar'e heffing minsken fan buten óf yn te skeakeljen. Hy wol dat goed ôfwûgen wurdt wat it betsjut foar minsken dat dizze heffing ynfierd wurdt en of it beslút yn alle earlikens wol ferdigene wurde kin. Hy ûntkint allerminst de feitlike sitewaasje mar wol dat earst alle oare mooglikheden goed besjoen wurde. Allerearst moat hy dan witte oft der binnen it gemeentlike apparaat gjin mooglikheden binne dy't lade ta in effisjinter behear en dêrfoar soe hy in ekstern buro ynskeakelje wolle. De plannen dy't der lizze jouwe him te min ynsjoch yn'e details. Hy soe witte wolle a: Wat der wêr yn elts doarp fernijd wurde moat; b: Wat dat kostje moat en c: Wêr't dat jild dan weikomme moat (bygelyks út in besuniging binnen it amtlik apparaat) Hy wol allinne mar akkoart gean mei in belestingferheging as hy folslein oertsjûge is dat it net oars kin. Hy sjocht ek net de needsaak dat dit sa hastich ynfierd wurde moat. No't der hjoeddedei sa praat wurdt oer it miljeu hat hy de idé dat der sa'n sfear ûntstiet dêr't alles mar kin. De voorzitter zegt dat in de tweede afdeling gesproken zal worden over de verdere uitwerking van het plan van aanpak. Hij vindt het wat suggestief om te zeggen dat nu het vorige week azijn heeft geregend en de zure regen vormen gaat aannemen die ons voorstellingsvermogen te boven gaat, nu ineens alles mogelijk zou zijn als het om het milieu gaat. Iedereen weet dat het milieu een zaak van levensbelang is en dat daar de nodige inspanning voor getroost moet worden. 0053V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 52