- 5 - Dizze tinkwize hat bopppedat gefolgen foar it wenjen, de kar fan jo sport, frijwilligerswurk en "soarch", yn de romste sin fan it wurd. Untjouwingen dy't gefolgen ha yn de takomst. Sjoen de feroarjende ûntjouwingen sille wy ús beriede moatte oar de takomst fan Boarnsterhim. Yn it kolleezje-wurkprogram steane in achttal spearpunten fan belied. Under druk fan de finansjele posysje fan de gemeente kinne wy mei lytse stapkes stal jaan oan dit belied, sa as ûnder oare is sûn meitsjen fan ús finansjes, it grûnbedriuw, de finansjele posysje fan de minima, jongeren- en alderenbelied, frede en solidariteit. Neist it sifermjittige ferhaal fan de mearjierrige begrutting sil in belied nei de takomst ta, fêstlein wurde moatte. Sa as earder oanjûn is yn ús skôgings wolle wy de diskusje oanswingelje oer de haadlinen fan ús belied. Wat foar kant wolle wy op mei Boarnsterhim? Wy wenje yn in moaie gemeente, mei in prachtige natoer, ticht by it "stadsgewest" Ljouwert. It ynwennertal lukt alle jierren noch oan. Minsken strike del yn ien fan ús sechtstjin doarpen, grut en lyts. De problemen fan de grutte doarpen binne oars as yn de lytse doarpen. Buten ús eigen ynwenners, komme allerhande minsken nei ús gemeente om der te farren en harren te fermeitsjen. Tal fan ús ynwenners fine harren wurk yn ús gemeente, oaren wurkje der buten. Noch efkes en wy lizze oan in fjouwerbaansdyk. Wy lizze yn it lege midden fan Fryslân en skine noch mear te sakjen, troch ús boaiemskatten. Wy binne in sociaalfielende gemeente, mei oandacht foar de swakkeren oer de grinzen hinne. Wêr wol ik hinne mei dit stikje proza? Foarsitter. It soe goed wêze, dat wy de diskusje oangean oer de wei fan Boarnsterhim yn'e takomst. Wêr rjochtsje wy ús yn it foarste plak op? Op it "stadsgewest" Ljouwert? Us gemeente-grinzen slute oan by de gemeente Ljouwert. Yn goede gearwurking meie rânegemeenten mei ynvestearje yn fersjennings. Wat binne de foar- en neidielen? - Mei oare wurden, soe Cambuur noch ris fuotbalje op ús sport- fjilden? Op in groeigemeente? Lûke wy nije bewenners oan om leechstân te foarkommen, om ûnlykwichtige opbou fan ús ynwenners tsjin te gean en de útkearing út it gemeentefûns te ferheechjen. - Mei oare wurden, keapje wy in grut net om minsken yn ús fûken te lûken? Op de rekreaasje? Meitsje wy it gebiet oantreklikker foar de rekreant. Wolle wy mear rekreanten. Wolle wy dêrtroch wurkgelegenheid oanlûke en/of ús middenstan in goed bestean te jaan? - Mei oare wurden, pakke wy de skeppe en grave wy de Bird of om mear wetter en romte te krijen? Op mear wurkgelegenheid? Troch folie oandacht foar promoasje en akwisysje nije industrieën oanlûke. Industrieterreinen ûntwikkelje ûnder oaren te Grou. Grûnprizen der op oanpasse. - Mei oare wurden, wy meitsje de reklamespot "Kom nei Boarn sterhim, der kinne jo by it wurk lizze (mei de boat)". 0052V 15

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 7