- 8 - Sa't hy heard hat stean de measte minsken net ôfkearich tsjin it beslút oer. Opmerkings as: "ik ha neat tsjin it frysk, hear" en "it frysk moat bliuwe" binne net fan'e loft. Spitigernôch komt der faaks in "mar" efteroan mei allegearre praktyske beswieren en met as eftergrûn dat men frysk yn in wat mear offisjele site- waasje dochs net sa gewoan fynt. Der leit dan in konflikt sa as dat op elk emansipatoir mêd wol foarkomt en dêr sil de gewenning in grutte rol yn spylje. Hy kin net neilitte op in pear punten neier yn te gean. Guon woene ha dat der soe earst in taalbeliedsplan komme moatte mei as eintsjebeslút it ynfieren fan'e nije fryske plaknammen. Neffens him is soks in doekje foar it blieden, omt de oanpassing fan'e nammejouwing yn Mid-Fryslên al lang oan'e gong is. Yn ús gemeente steane al ferskate jierren frysktalige plaknamme- boerden. Krekt om "geveltsje frysk" yn it foar te kommen wol syn fraksje dat de opskriften de offisjele lading dekke. Net alinne de namme op it boerd mar ek de offisjele namme yn it frysk. Dat dit beslút net folie om'e hakken hat foar it behald fan it frysk mei sa wêze. It kin lykwols wol in lyts stapke wêze en de rie hat dêr foar keazen. Faaks wurdt de fraach steld: "kinne jim dat jild net better brûke?". Ek ûnder it besteegjen fan jild leit in kar. Sjoen de minne finansjele posysje fan'e gemeente liket de datum fan ynfiering psychologysk sjoen net sa gelokkich. Hy kin allinne mar sizze dat de planning der sa hinne let, it jild is reser- vearre en dat de direkte mearkosten nochal tafalle. Fan dat bedrach kin noch gjin Frienser binnenpaad oanlein wurde of in betonpaad nei Domwier. In echte swierrichheid is it skeel mei de P.T.T. Hoe is dat sa kaam, hawwe we de P.T.T. mei de kloaten foar it blok setten sa as de rjochter yn Den Haach mient? Syn fraksje tinkt fan net omt der rom tiid is tusken beslút en útfiering. Elk koe der klear foar wêze en lokkich binne in soad dat ek. As it him net mist hat der om 1984 hinne in provinsjale kommisje ientalige nammen west dêr't provinsje, Keamer fan Keaphannel, A.N.W.B. en P.T.T. diel fan útmakken. Fan grutte beswieren tsjin dizze nammejouwing hat doe gjin sprake west. Dat docht ek wol bliken omt eltse oare ynstênsje graach meiwurke hat. It beslút fan'e rie is net fer- neatige troch in hegere oerheid, de A.N.W.B. hat de nammen op'e boerden feroare en de topografyske tsjinst hat meiwurke. De grutte betizing dy't no ûntstien is komt net troch it rieds- beslút mar troch de P.T.T. dy't no nammen yn syn bestên hat dy't aanst net iens mear besteane. De wei dy't it kolleezje êflizze wol liket him in goede. Neist juridyske stappen ek fierder oer- lis. Hy wol der wol op wize dat elts dy't hert hat foar it demo- kratyske bestel no wol yn ferset komme moat. Knibbelje foar de merk en de maatskiplike belangengroepen is yn dit "no nonsense" tiidrek stadichoan mear wenst wurden. Men moat lykwols goed yn'e rekken hélde dat dat lang om let de begjinsels fan de parlemen tair fertsjintwurdigjende demokrasy ûnderút hellet. Syn fraksje kin ynstimme mei it utstel fan it kolleezje. Hy wol it bedriuwslibben in plomke jaan dat se sa konstruktyf meiwurke hawwe. As de ûndertiteling om wat foar reden ek net kin soe it in idé wêze en set op de gemeentegrinzen in ferwizing dat de plaknammen ferfryske binne. Hy ropt elts op sa gau mooglik de nije nammen te brûken, dan went it op syn gaust en sil bliken dwaan dat it allegear wat ta falt. 0055V 20

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 11