- 9 - Under ús biedwurd: "Boarnsterhim, it hert fan it fryske wetter- lân" kinne we no moai sette: "net even anders". De hear Dotinaa seit dat syn fraksje akkoart giet mei de earste trije punten fan it útstel en méi punt 5. Hy hat beswieren tsjin de feitlike ynfiering op 1 febrewaris. Doe't syn eardere frak- sjeleden wol foar de fryske plaknammen stimd hawwe wie noch net te besjen hokfoar swierrichheden der allegear efterwei komme soene. Hy wol dat earst de swierrichheden oplost wurde foardat in beslút nommen wurde kin. Sjoen de útspraak fan'e rjochter en de finansjele sitewaasje fan ús gemeente moatte we earst witte wêr't we oan ta binne. De hear Van der Baan kin him fine yn it útstel ek al fynt hy it spitich dat de ynfierinsdatum opskood is, omt we dêrtroch de P.T.T. ús belied bepale litte. In P.T.T. dy't him neffens syn fraksje anti-demokratysk opstelt. De demokrasy mei nea troch sa'n instansje op'e knibbels twongen wurde. Wat dat oanbelanget muoit it him dat it C.D.A. dat op dit stuit al docht. De P.T.T. stjoert oan op anargy en wurdt derby stipe troch de rjochter en sa't it skynt no ek troch it C.D.A. De útspraak fan'e rjochter ferdraacht him net mei syn rjochtsgefoel, benammen omt de P.T.T. gjin bewizen oanfiere hoechde om de (uitregeling yn it post- en tillefoanferkear troch de nammeferoaring oan te toanen. Dat de wet sa net útfierd hoecht te wurden troch de P.T.T. is foar him ûnbegripelik. De drammers fan'e P.T.T. kinne sa't skynt in belied útfiere nei de waan fan'e dei. Op 7 novimber 1986 seit in wurdfierder fan'e sintrale direksje fan'e P.T.T. dat sy loyaal, mar mei tsjinsin, meiwurkje sille oan'e fryske nammejouwing. Yn 1979 seit minister Smit-Kroes dat de troch de gemeenterieden fêststelde plaknammen troch de P.T.T. en de oare ynstansjes brûkt wurde moatte. Hoe kinne al dizze útspraken spoare mei de gong fan saken hjoeddedei. De wiere reden fan'e P.T.T. komt der net út, mar it verbale geweld dat de heer Van Rooyen fan it Postdistrikt Ljouwert yn'e N.R.C. brûkt slacht alles. Hy seit der dat Fryslân nei in isolementsposysje tagiet. Dizze útspraak wurdt lykwols direkt ûnderúthelle troch wat der sein is op in gearkomste fan 180 frânske Keamers fan Keaphannel, nammentlik dat de eigen kultuer de motor wurdt fan'e ekonomyske ûntjouwing. Der is de sprekker ek yn'e pleit gien foar desintralisaasje fan kulturiele foarsjennings. Kulturiele aspekten spylje in hyltiten gruttere rol by de ekonomyske ûntjouwing. As wy dan Fryslân foarút helpe wolle sille we sawol it ekonomyske as kulturiele aspekt de romte en de mooglikheden biede moatte. Hy hopet dat C.D.A. en V.V.D. harren ferantwurdlikheid oangeande de demokrasy nimme sille en net partypolitieke stimmenwinst jilde litte sille. Mevrouw Aukes zegt dat het pijnlijk is om te constateren dat de chaos compleet lijkt. Laten we niet naar anderen wijzen maar de hand in eigen boezem steken. Want wat zo eenvoudig en praktisch had gekund, terwijl de friese taal daar toch door benadrukt werd, is een paar jaar geleden wat al te gamekkelijk van tafel geveegd. Zij doelt op het voorstel van 17 juni 1986 van de V.V.D.-fractie waarin zij opriep tot het plaatsen van dubbel- talige plaatsnaamborden en de invoering in het officiële verkeer achterwege te laten. Dit laatste niet eens vanwege de financiën maar vanwege de omslachtigheid die haar fractie op dat moment al voorzag. Haar fractie is tegen de onderdelen 1 en 2 van het voorstel. Zij legt zich neer bij de uitspraak van de rechter. 0055V 21

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 12