- 13 - Kennisgeving van een verzoek om vrijstelling op grond van arti kel 19 van de Wet op de Ruimtelijke Ordening i.c. het verzoek van de heer Th.B. Huurman namens mevrouw R. van der Meer-Boersma en de familie Van der Minne te Nes. De hear Nieuwdam seit dat hy en noch in pear leden fan syn frak- sje it minderheidsstanpunt stipet om de bestimmingswiziging wol ta te sizzen. Mei de hear Van Berkum is der in lytse lijenswei ôflein en dat wol hy no te foaren komme. Ut it eachpunt fan rjochtsgelikens is it goed dat der wol no al in tasizzing dien wurdt omt it der op den doer dochs wol fan komme sil. De hear Betlehem seit dat in oar diel fan syn fraksje it mear- derheidsstânput stipet. Fral de leste sin op side 2, dêr't yn stiet dat der earst mar ris in bou-oanfraach wêze moat, sprekt him des te mear oan. As des ea in boufergunning komt moat der wol nei permaninte bewenning stribbe wurde. De hear Volberda seit dat syn fraksje it iens is mei it mearder heidsstênpunt. De minsken dêr't it om giet wurdt ek mei dit beslút neat yn'e wei lein om letter te bouwen. De hear SBouma stipet it mearderheidsstênpunt. De hear Van der Baan stipet it minderheidsstanpunt dat ek fral mei it each op it begjinsel fan'e rjochtgelikens. Wethêlder Breeuwsma seit dat de mieningen troch de fraksjes hinne ferdield binne. Nei syn betinken is dizze saak net ferge- lykber mei itjinge dat yn agendapunt 11 besletten is. De hear Nieuwdam seit dat wannear aanst it mearderheidsstênpunt oemommen wurdt hy hopet dat as de hear Huurman plannen yntsjin- net him net deselde lijenswei te wachtsjen stiet as de hear Van Berkum. Wethalder Bloem tinkt dat der dochs in relaasje is mei punt 11 yn dy sin dat it om deselde wenbuert giet. Se kin har wol yn- tinke dat de mearderheid seit dat der wachte wurde moat op in konkrete oanfraach, mar oan de oare kant is der in protte foar te sizzen om no oan te jaan dat de ûntjouwing yn de wenbuert weardefol is foar it ta stén bringen fan in sekere ienheid. Wethalder Breeuwsma seit dat de heer Nieuwdam der ek wol fan op'e hichte is dat it earste bouplan fan de hear Van Berkum totaal net akseptabel wie en dat de lijenswei dêr't hy oer praat net allinne feroarsake is troch it gemeentebestjoer. Na gehouden stemming blijkt dat het meerderheidsstandpunt van het college met 13 tegen 4 stemmen is aangenomen. Tegen hebben gestemd de leden Van der Baan, Bloem, Faber en Nieuwdam. Voorstel tot het nemen van een voorbereidinosbesluit als bedoeld in artikel 21 van de Wet op de Ruimtelijke Ordening ten behoeve van een bedrijfshal voor de Firma Biilsma te Wartena. De hear Nieuwdam is bliid mei de berjochten dat it mei de Firma Bijlsma sa goed giet. De voorzitter zegt dat de hele raad die gedachte zal delen. Vervolgens wordt zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. 0055V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 16