- 14 - Voorstel tot het nemen van een voorbereidinasbesluit als bedoeld in artikel 21 van de Wet op de Ruimtelijke Ordening ten behoeve van een jachthaven te Waraa. De hear Nieuwdam seit dat der in wiidweidige diskusje west hat yn syn fraksje en dêrbuten. Der gie it net sasear om it útstel op himsels mar mear om hoe't it ien en oar run is. Hy konsta- tearret wat dat oangiet dat er in saneamd twaspoarenbelied ten oansjen fan de wettersportferiening en de heer Van der Werff is. De wettersportferiening is tinkt him al aardich dwaande yn it ramt fan'e lisplakkenferoardering om te sjen oft der ek in foar- sjenning komme moat foar de minsken dy't aanst gjin plak mear yn it doarp hawwe foar harren boat. De gemeente is yn dat petear de leading partner. Hy is dêrom wat ferbjustere dat, wylst der noch hiel koart lyn oerlis tusken gemeente en wettersportferiening west hat, der hielendal net praat is oer de oanfraach om in fer- gunning fan Van der Werff. Hy freget dêrom it kolleezje om it útstel oan te hélden om nei beide partijen ta dúdlik te meitsjen hoe't ien en oar yn elkoar stekt. De hear SBouma stipet it útstel fan it kolleezje. Wat de hear Nieuwdam wol kin lykwols wol trochgean, beide dingen bite elkoar net. De hear Volberda dielt de mening fan de heer Nieuwdam. De hear Van der Baan begrypt net op wat foar grûnen dizze oan fraach wegere wurde moatte soe. It is nammentlik in saak fan partikulier inisjatyf en hy sjocht net sa dúdlik wat it rissel- taat wêze moat fan it oerlis mei de wettersportferiening. Wethêlder Breeuwsma seit dat it kolleezje fansels foar in goede koördinaasje is. It is al lang bekend dat én Van der Werff én de wettersportferiening wol wat wolle yn Wergea. Der is al hiel lang praten en dan moat jo goede arguminten hawwe om in oan fraach te wegerjen. Mei de wettersportferiening binne der fer- skate petearen west en oanfiteringen om no wat te dwaan yn it ramt fan'e lisplakkenferoardering. Dêr is oant no ta neat fan op'e hispel kaam. It giet dan allinne om in oplossing foar de leden fan'e wettersportferiening. Hy fynt dêrom, hoewol't hy de hear Nieuwdam wol begripe kin, dat it útstel net op dy grûnen oanhalden wurde moat. De hear Nieuwdam seit dat it him fral giet om it spultsje dat spile is. Nei de wettersportferiening ta moat der dúdlikheid komme. It moat, sjoen de koördinaasje, net sa wêze dat de iene partij yn'e krante léze moat dat de oare partij in oanfraach yntsjinne hat. De hear Volberda is bliid met de taljochting fan wethêlder Breeuwsma en is dêrom no net mear foar oanhalden fan it útstel. De heer SBouma tinkt dat de wettersportferiening as sy it gefoel hawwe dat se beneidiele binne yn elts gefal de fraksjes wol ynljochtsje kinne hienen. Op verzoek van de heer Nieuwdam schorst de voorzitter de verga dering voor overleg. De hear Nieuwdam seit dat wethêlder Breeuwsma dúdlik makke hat dat de saken elkoar minder bite dan dat hy earst tocht en hy lûkt dêrom syn útstel ta oanhêlding yn. Hy freget wol om de kom- munikaasje dy't der is goed oerein te hélden. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 0055V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 17