- 16 - Wethâlder Breeuwsma seit dat yndied it advys fan'e kommisje b. en b. by de stikken op besjen lizze moatten hie. Yn it ramt fan'e doarpsfernijing kin yn it bestimmingsplan mear dúdlikheid oangeande de problematyk dy't no besprutsen wurdt, komme. It belied sa't dat no fierd wurdt kaam yndied wat as ad hoe belied nei foaren. Hy kin de opmerkings dêroer wol begripe. It kolleezje hat lykwols besletten it sa te dwaan en de kommisje b. en b. hat dat belied folge. Dat jo illegaal somstiden fierder komme as legaal mei sa wêze mar hy wol dat net oanbefele. Dat soe anargy yn'e hân wurkje. Hy is, nettsjinsteande dat it yn it nije bestimmingsplan better regele wurdt, fan betinken dat it útstel net oanhalden wurde moat. De hear Nieuwdam is bliid dat wethâlder Breeusma it wurd "ad hoe" brûkt hat as kwalifikaasje fan it belied dat oant no ta fierd wurdt. Moat hy begripe dat it bestimmingsplan bûtengebiet op koarte termyn foar weroerwaging oan'e oarder komt? De hear Van der Baan bliuwt by syn fersyk om it útstel in moanne oan te halden omt ynkoarten it petear mei de provinsje wolris in nij ljocht op de saak skine litte kin. De hear Nieuwdam seit noch dat de provinsje gjin nautyske beswieren hat tsjin de oanfraach fan de hear Riemersma. Mevrouw Aukes denkt dat de provincie op de gemeente wacht en zij stelt daarom voor de weigering in te trekken en alsnog een bouw vergunning te verlenen. De voorzitter zegt dat wat de provincie wil of kan in beginsel los van dit raadsvoorstel staat. Wethâlder Breeuwsma seit dat yn it ramt fan'e doarpsfernijing in bestimmingsplan makke wurde sil. Dat der dúdlikheid komme moat is hy alhiel mei de hear Nieuwdam iens. Dat betsjut net dat no dit útstel mar oanhalden wurde moatte soe. Na gehouden stemming blijkt het collegevoorstel met 12 tegen 5 stemmen te zijn aangenomen. Tegen hebben gestemd de leden Aukes, S. Bouma, Santema, Watzema en A. Zijlstra. 18Voorstel tot beëindiging van de tweehoofdige schoolleiding aan de Pr. E. Halbertsmaskoalle te Grouw. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. 19Voorstel om alle openhara- en bijzondere basisscholen en de scholen voor voortgezet onderwijs in de gemeente Boarnsterhim electronisch te beveiligen. Frou S. Ziilstra is it iens mei it útstel. Se fynt it spitich dat de skoallen tsjin fandalisme befeilige wurde moatte. It sprekt har oan dat de maatregels nommen wurde kinne foar alle skoallen yn Boarnsterhim. De hear G. Bouma seit dat it útstel ta doel hat dat der djoere foarsjennings yn'e skoallen oanbrocht wurde om sa foar te kommen dat der noch langer ynbrutsen wurdt. Dat is in gekke saak as jo sjogge yn hokfoar gemeente wy wenje en as fêststeld wurde kin dat op grûn fan sifers út'e praktyk hjir hast net ynbrutsen wurdt. Der is mar ien grutte ynbrekker yn'e skoallen en dat is minister Deetman. As wy dizze elektronyske befeiliging oanbringe kin hy dêr allinne mar mei ynstimme as ek dat fandalisme be- striden wurde kin. 0055V 28

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 19