GEMEENTE BOARNSTERHIM 9. Utstel om gjin subsydzje te jaan oan de Kommissje sprutsen Frysk Boek. Oan de gemeenteried. Grou, 3 februari 1989. De kommisje "Sprutsen Frysk Boek" freget yn in brief oan jimme ried omtinken foar harren wurk. De kommisje soarget der foar dat Fryske boeken op kassettebantsjes ynlêzen wurde, sadat minsken, dy't om hok foar reden ek net leze kinne, de sprutsen boeken fergees liene kinne. Dat kinne minsken wêze dy't blyn binne of min sjogge, mar ek minsken dy't lést fan rimmetyk ha, spastysk binne of ferlammingen ha, wêrtroch it fêsthâlden fan in boek problemen jout. Foar de útliensifers ferwize wy nei it brief fan de kommisje. Der wurdt in finânsjele stipe yn it tekoart frege fan 8.050, Wy hawwe de Feriening fan Fryske Gemeenten om advys frege. Yn 1983 wie der ek al ris sa'n oanfraach yntsjinne. Doe is de subsydzjeoanfraach ôfwiisd op grûn fan it feit dat sa'n subsydzje net ta de gemeentlike ferantwurdlikens heart. Dat yn ferbân mei de sprieding fan de aktiviteit oer de hiele provinsje, it organisatoarysk ramt fan de kommisje en de relaasje mei de Fryske taal en kultuer. Neffens de F.F.G. is der sûnt 1983 neat feroare. Men is fan betinken dat de wegeringsgrûnen net feroare binne. Wy kinne ús der yn fine en stelle jimme út it fersyk fan de Kommisje of te wizen. It konsept-beslút dêrta leit foar jimme by de stikken op besjen. Burgemeester en wethouders der gemeente Boarnsterhim, de secretaris, de burgemeester, P.H. Starreveld. B.G. Holtrop. 0055V 83

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 31