w 24. Utstel om in beslút te nimmen op it beswierskrift fan de hear 0. van Gorkum te Reduzum om de bydrage yn'e kosten fan it skoallebuske tusken Idaerd, Friens en Reduzum yn te lûken. Oan de gemeenterie Grou, 3 febrewaris 1989 Yn de gearkomste fan 5 july 1988 hat jimme rie besluten om de bydrage yn'e kosten fan it skoallebuske tusken Idaerd, Friens en Reduzum yn te lûken mei yngong fan de datum, dat de leste fan de beide tunnels, dy't yn it trajekt Idaerd-Reduzum (tunnel ûnder Rykswei 32 en de spoarbaan) en it trajekt Friens-Reduzum (tunnel ûnder de Snitserdyk by de krusing mei de Oeryselske Strjitwei) oanlein wurde sil, oplevere wurdt. Tsjin dat beslút hat de hear 0. van Gorkum op grûn fan kêst 7, lid 2, fan de Wet Administrative Rjochtspraak Oerheidsbeskikkings in beswierskrift yntsjinne by jimme ried. De kommisje foar berop- en beswierskriften hat nei oanlieding fan it beswierskrift in harksitting hâlden op 26 oktober 1988. It proses-ferbaal fan dy sitting leit, lyk as de oare stikken, dy't op dy saak slaan, by de riedsstikken foar jimme op besjen. Op 6 jannewaris 1989 hat de kommisje in skriftlik advys oan jimme ried útbrocht. Dat advys leit ek op besjen. Yn syn algemienens is de kommisje fan oardiel dat it beslút fan jimme rie droegen wurde kin troch de motivearring, dy't datoangeande de grûnslag foarmt, wylst ek oars net steld wurde kin, dat it beslút yn striid is mei in oar yn it algemien rjochtsbewustwêzen libjend algemien begjinsel fan behoarlik bestjoer. Wy kinne ús mei it advys fan de kommisje lykfine en stelle jimme ried út om it beswierskrift ûngrundearre te ferklearjen. It ûntwerp- beslút leit by de riedsstikken op besjen. Boargemaster en wethâlders fan Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld. B.G. Holtrop. 0055V 38 GEMEENTE BOARNSTERHIM

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 53