GEMEENTE BOARNSTERHIM 26. Utstel om jild beskikber te stellen foar it oanpassen fan en it oantúg- jen fan ûnderwiislearmateriaal foar de iepenbiere basisskoalle "De Lege Geaën" yn Sibrandabuorren. Oan de gemeenteried. Grou, 3 febrewaris 1989 Begjin dit jier is in learling mei in fisuele handikap talitten op de iepenbiere basisskoalle "De Lege Geaën" yn Sibrandabuorren. Ien en oar leit yn'e line fan it ryksbelied om learlingen sa min mooglik nei in skoalle foar spesiaal ûnderwiis te ferwizen. Troch it ministearje fan ûnderwiis en wittenskippen is dêrom de mooglikheid opnommen om skoallen "ekstra formaasje" ta te kennen, wannear't dy learlingen mei in bepaalde handikap opnimme. Dêrnjonken kinne skoallen foar spesiaal ûnderwiis ekstra formaasje foar saneamde "ambulante begelieding" kleme. De bedoeling dêrfan is dat learkrêften fan it spesiaal ûnderwiis it regulier ûnderwiis stypje en begeliede by it ûnderwiis oan learlingen dy't oars mooglik yn it spesiaal ûnderwiis telâne kommen wiene. Op dit stuit binne der in oantal skoallen dy't gebruk meitsje fan de personiele fasiliteiten fan it ministearje fan ûnderwiis. Ien fan dy skoallen is sûnt koart de iepenbiere basisskoalle yn Sibrandabuorren. It giet om in learling dy't fisueel handikapt is. Wol dy learling sa goed mooglik funks jonear je kinne dan sil der ek oan in oantal materiële betingsten foldien wurde moatte. Sa moat neist oanpast ûnderwiis- learmateriaal en meubilêr, de ferljochting yn it gebou oanpast wurde. Underwiislearmateriaal en meubilêr. Op advys fan de Regionale Skoalle Noard te Haren moat yn it belang fan de learling oanpast underwiislearmateriaal en meubilêr oanskaft wurde. De kosten dêrfan wurde rûsd op 1.900,(ynklusyf b.t.w.). De ministearjes fan ûnderwiis en sosjale saken hawwe ófspraken makke oer de kosten dêrfan. Yn it ramt fan de A.A.W. wurde de needsaaklike kosten fergoede troch de bedriuwsferiening (G.A.K.). In fersyk om fergoeding fan de needsaaklike kosten is al ynstjinne by it Gak yn Ljouwert. Ferljochting. Troch de stifting VISIO te Haren is de ferljochting yn it skoalgebou ûndersocht. It hat bliken dien dat de ferljochting op bepaalde punten net foldocht oan de saneamde Londo-noarm; de foarsjenning dêr't de ryksfergoeding op basearre is. Sa moat de ferljochting yn it beuker- en "handenarbeidlokaal" oanpast wurde. Dêrnjonken moat yn alle lokalen boerdferljochting komme. It giet dus om oanpassing fan de minimaal needsaaklike ferljochting yn it gebou. De kosten dêrfan wurde rüsd op 5.100,(ynklusyf b.t.w.). De stifting VISIO giet yn syn advys út fan in needsaaklik heger ferljochtingsnivo dan de Londonoarm. Yn de fizy fan VISIO soe it ferljochtingsnivo sadanich omheech moatte, dat de hiele elektryske ynstallaasje oanpast wurde moatte soe. 0055V 73

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 55