-2- De kosten, sa'n 10.000,a 15.000,soene alhiel foar rekken fan de gemeente komme. De bedriuwsferiening fergoedet nammentlik net de kosten fan de gebou-ôfhinklike oanpassings. Boppedat soe der in foarm fan oerbeljochting ûntstean dy't grif net yn it belang is fan de oare learlingen. Oer dizze problematyk hat ek noch oerlis west mei de Regionale Skoalle Noard. Ut dat oerlis die bliken dat wannear't de ferljochting op it nivo fan de Londonoarm brocht wurdt, ynklusyf boerdferljochting, dat dan al in hiel ein temjitte kommen wurdt oan de winsken fan de skoalle. Dochs wolle wy yn oerlis mei oanbelangjende ynstânsjes neigean op hokker wize oan de learomjouwing sa goed mooglik stâl jûn wurde kin. Wy stelle jim ried út om in kredyt beskikber te stellen fan 7.000,de b.t.w. dêryn beflapt, foar it oantúgjen fan ûnderwiis- learmateriaal, meubilêr en it oanpassen fan de ferljochting fan de skoalle. De kosten fan it oanpassen fan de ferljochting boppe de Londo-noarm kinne betelle wurde út de ûnderwiisreserve foar it iepenbier ûnderwiis. De kosten fan underwiislearmateriaal en meubilêr kinne betelle wurde út de post "ferfanging meubilêr" (gewoane tsjinst). Boargemaster en wethêlder de siktaris, P.H. Starreveld. de gemeente Boarnsterhim, de foarsitter, B.G. Holtrop. 0055V 74

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 56