GEMEENTE BOARNSTERHIM 6. Utstel om yn te stimmen mei in wiziging fan de mienskiplike regeling underwiisbegelieding. Oan de gemeenteried. Grou, 10 maart 1989. As gefolch fan de nije wet op de mienskiplike regelingen (1984), moat de mienskiplike regeling foar de underwiisbegelieding yn Frys- lân oanpast wurde. It giet foaral om in technyske wiziging. In bestjoerlike wurkgroep, besteande út dielnimmers fan it bestjoer fan it MSU hat in ûntwerp-mienskiplike regeling makke. Nei't dat ûntwerp yn it algemien bestjoer fan it MSU west hat, is it reglemint om reaksje tastjoerd oan alle dielnimmers oan de mienskiplike rege ling. De regeling is ek yn regioferbân besprutsen, wêrby Boarnster- him him oansluten hat by de reaksje fan de regio Noard. Dat is skriftlik meidield oan it bestjoer fan it MSU. De reaksje hat lykwols binnen it bestjoer fan it MSU net foldwaande ynstimming krigen, sadat de reaksjes op de ûntwerp-regeling net oer- nommen binne. It bestjoer fan it MSU hat dêrop de dielnimmers oan de mienskiplike regeling fersocht om yn te stimmen met de wizige mien skiplike regeling. It is spitich dat ús reaksje net foldwaande stipe fûn hat by de úteinlike beslútfoarming troch it MSU-bestjoerDer stiet tsjinoer dat by in folgjende wiziging de reaksjes dy't no ynstjoerd binne, op'e nij beoardield wurde sille. Hoewol net alhiel fan herte stelle wy jimme dochs út yn te stimmen met de wizige mienskiplike regeling foar underwiisbegelieding nef- fens it ûntwerpbeslút. It wizige reglemint en oanbelangjende kor- respondinsje leit foar jim by stikken op besjen. Boargemaster en wethâlders fan de gemeente Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld. B.G. Holtrop. 0058V 29

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 13