GEMEENTE BOARNSTERHIM 39. Utstel om it bestjoer fan de by- sûndere basisskoalle "It Ljocht- beaken" te Warten meiwurking te ferlienen om in bûtenferljochting by de skoalle oan te bringen. Oan de gemeenteried. Grou, 10 maart 1989. Om ynbraak, fandalisme en brânstifting tsjin te gean hat jimme rie yn syn gearkomste fan 17 jannewaris 1989 (wurklistnûmer 19) besletten om alle iepenbiere- en bysûndere basisskoallen en de skoallen foar fuortset ûnderwiis yn ús gemeente elektroanysk te befeiligjen. Yn oansluting dêrop hat it bestjoer fan de bysûndere basisskoalle "It Ljochtbeaken" yn Warten op grûn fan kêst 74 fan de Wet op it Basisûnderwiis jimme rie frege meiwurking te jaan om saneamde "1jochtpunten" buten it skoallegebou oan te bringen. It skoallebestjoer wiist der op, dat de lizzing fan it gebou oan de kant fan it skoalleplein sadanich is, dat it "útnoadiget" dêr yn te brekken (tsjuster en gjin tafersjoch). It is dêrom winslik dêr inkelde "1jochtpunten" oan te bringen om ynbraak foar te kommen. Neffens de ofdieling boukunde fan de haadêfdieling IWRO is dêr by't tsjuster yndie te min Ijocht by de haadyngong fan de skoalle. Fandêr dat it in goed ding wêze soe, as yn it ramt fan ynbraakprevinsje in bûtenferljochting yn'e foarm fan 2 bûtenlampen, dy't skeakele wurde kinne fia de skimerskeakelder, njonken de binnenbefeiliging oanbrocht wurdt. De kosten fan it oanbringen fan de beide ljochtpunten mei de foar- sjennings, dy't dêr by hearre, kinne rûsd wurde op likernêch 1.000,Dy kosten kinne dutsen wurde út'e post "reservearring bysûnder ûnderwiis" (folchnûmer 421.18), dy't datoangeande de nedige finânsjele romte jout. Omdat de oanfraach foldocht oan de "normale easken", stelle wy jimme ried út om de meiwurking, dy't frege wurdt te ferlienen. It ûntwerp- riedsbeslút dat oangeande leit by de riedsstikken op besjen. Boargemaster en wethêlders fan Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld. B.G. Holtrop. 0058V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 58