-18-
De hear Bouma seit ynearsten dat hy it iens is mei de konklúsje
ûnder nûmer a. fan it útstel. Der moat konstatearre wurde dat de
foarsjennings oan'e Troelstrawei striemin binne en der moat dus
wat barre. In oar gegeven is dat der foar de atletykferiening
amper foarsjennings binne. In stik positive diskriminaasje
besjoen fanút de gedachte dat wa't neat hat it earste holpen
wurde moat, soe der ta liede moatte dat as earste de atletyk-
foarsjenning oanpakt wurde moat.
Mar de atletykfoarsjennipg kin allinne mar op Meinga realisearre
wurde. Wittende dat der oant 1992 ta in grûndepôt op Meinga leit
leit dat in rem op'e ûntwikkeling fan in atletykbaan op dit
stuit.
Hy fynt dat der yn oerlis mei de atletykferiening yn tuskentiid
sjoen wurde moat nei in goede en praktyske oplossing sadat dizze
sporten ek beoefene wurde kinne.
It stelde ûnder b. wurdt troch syn fraksje ûnderskreaun. It is
bekind dat in minderheid fan syn fraksje dêr't hy by heart mient
dat de reservearring foar'e sportfoarsjenning Grou ten ûnrjochte
belêste wurdt mei om en de by 20.000,foar dy foars jennings
dy't needsaaklik binne foar it riolearringsstelsel fan Grou.
Hy is net ree dy 20.000,te ûntlûken oan'e reserve foar in
sportfoarsjenning wylst it nei syn betinken om iepenbiere wurken
giet.
Syn útstel is dan ek om it bedrach fan dy 20.000,los te
keppeljen fan'e 275.000,dy't bestimd is foar de
sportfoarsjennings. Dy beslissing soe wer weifalle kinne as de
rie beslút om yn 1992 de atletykbaan oan te lizzen en dêrfoar
fanôf no de needsaaklike jilden te reservearjen foar de oanlis
en de eksploitaasje fan'e baan. Dat is de iennichste fertaling
dy't de minderheid fan'e P.v.d.A.-fraksje jaan kin oan'e hege
prioriteit dy't ek troch it kolleezje oan'e atletykbaan takind
wurdt.
As mar in minderheid fan'e rie it mei him iens is as de folch-
oarder fan beslútfoarming sa bliuwt soe tagelyk dêrmei de
20.000,ek út'e reserve foar de sport helle wurde. Omt hy
dat te foaren komme wol stelt hy út earst te besluten oer punt
c. en dêrnei oer punt b.
Frou A. Ziilstra seit dat der oer de sportakkommodaasjes foar
Grou al jierren praat is.
It léste rapport is yn gearwurking mei de sport opsteld en jout
oan wêr't de ferskate knyppunten lizze en hokker rjochting de
sport op wol. De mearderheid fan har fraksje dêr't sy foar
sprekt, fynt dat der sa wurke wurde moat dat it nije plan
útfierd wurdt. Yn hokker tiids-rek dat kin sil ôfhingje fan'e
finênsjes. Se kin har fine yn it útstel om yn de sitewaas je
fan'e sportfjilden oan'e Troelstrawei ferbettering oan te
bringen. Se stiet achter it kolleezje as it giet om de fraach
wêr't de drainaazje út betelle wurde moat.
Se kin skoan de fraach fan'e atletykferiening begripe om in
goede foarsjenning.
Se is fan miening dat it béste plak foar in atletykbaan it plan
Meinga is.