37. Utstel om in beslút te nimmen om de iepenbiere basisskoalle "It Kampke" te Terherne yn stân te halden. GEMEENTE BOARNSTERHIM Oan de gemeenteried. Grou, 1 septimber 1989. Op grûn fan it sûnt 1 augustus 1988 wizige kêst 108, le lid fan de Wet op it Basisûnderwiis moat de gemeenteried in beslút nimme om in iepenbiere basisskoalle yn stân te halden, wannear't it oantal lear- lingen op 16 jannewaris 1988 en 1989 minder west hat as 50, yn it gefal in gemeente minder as 25.000 ynwenners hat. Dat beslút moat nommen wurde foar 1 oktober 1989. In beslút kin benefter bliuwe wannear't it om in skoalle giet dêr't yn de ynstânhâldingsrûnte 1988 of 1989 al in riedsbeslút foar nommen waard, dat goedkard is troch Deputearre Steaten foar in perioade fan twa of trije jier. Foarich jier is yn jim gearkomste fan 13 septimber 1988 nûmer 24 besluten om twa skoallen foar iepenbier basisûnderwiis dy't ûnder de wetlike noarm fan 50 learlingen foei, yn stén te halden. It gyng om "De Lege Geaën" te Sibrandabuorren en "It Kampke" te Terherne. Yn beide gefallen waard der útgien dat de skoallen saneamde "Deetmanskoallen" wiene. Dat binne lytse skoallen dêr't oanpaste noarmen foar jilde, dy't opnommen binne yn de Wet op it Basisûnderwiis (kêst 108, 3e lid (b)). Foar dy "Deetmanskoallen" moat de gemeenteried elts jier op'en nij in ynstânhâldingsbeslút nimme Oangeande it ynstânhâldingsbeslút 1989 (riedsbeslút 13091988/nûmer 24) hat Deputearre Steaten by skriuwen fan 24 febrewaris 1989 meidield dat "De Lege Geaën" gjin "Deetmanskoalle" is. De ôfstén nei de skoalle fan deselde rjochting dy't it tichtsteby is (Boazum), is 2500 meter (himelsbreed)It riedsbeslút is lykwols hifke oan troch de provinsje Fryslên stelde objektivearre noarmen. Op grûn dêrfan is it ynstânhâldingsbeslút dan ek foar trije jier goedkard. Dat hêldt yn dat earst foar 1 oktober 1991 foar Sibrandabuorren op 'en nij in ynstânhâldingsbeslút nommen wurde moat. Foar "It Kampke" jildt dat net. It Kampke wurdt sjoen as in "Deetman skoalle", dy't foldocht oan de noarmen sa't dy opnommen binne yn kêst 108, 9e lid ûnder b fan de Wet op it BasisûnderwiisDe learlingeprognoaze foar de kommende jierren foar Terherne is, dat it oantal learlingen tanimme sil. Der is dan ek alle reden foar, dat de skoalle bestean bliuwt. Neiere ynformaasje oer it ynstânhâldingsbelied fan de provinsje Fryslên, leit foar jim by de stikken op besjen. Wy stellen jim út om in beslút te nimmen dat de iepenbiere basisskoalle "It Kampke" te Terherne yn stén bliuwe moat. Boargemaster en wethêlders fan Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld. B.G. Holtrop. 0067V 2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 104